Muzyk yn Bedriuw fan 3 septimber 2015 09:00

    Dit jier fiert de tennisferiening Oeversweltsjes út Koudum it 40-jierrich jubileum. Reden genôch foar de leden om in feestlike muzyklist gear te stallen. Flitsende sportplaatsjes dy't troch de froulju útsocht binne, jout Durk Venema ta. Hy sil ús fertelle wat tennisjen by de Oeversweltsjes sa gesellich makket.

    Yn Amearika is it earste restaurant iepene dêr't hielendal gjin personiel of betsjinning wurket. Minsken kinne fia de iPad har iten bestelle, wêrnei't se it yn in lyts hokje ophelje kinne. Is dit de takomst? Ut iten sûnder ek mar in minsk te sjen? Of bliuwt gastfrijheid ûnmisber? Selina Holtkamp fan It Friesland College komt nei de studio om te fertellen oer it belang fan gastfrijheid.

    En fansels ha wy hjoed wer kontakt mei Sito of Mirjam fan Praat mar Frysk. Wat is harren dizze wike opfallen yn de media?

    Durk Venema fan tennisferiening Oeversweltsjes

    • Durk Venema fan tennisferiening Oeversweltsjes

    Selina Holtkamp fan it Friesland College - diel 1

    • Selina Holtkamp fan it Friesland College - diel 1

    Selina Holtkamp fan it Friesland College - diel 2

    • Selina Holtkamp fan it Friesland College - diel 2

    Mirjam Vellinga fan Praat mar Frysk

    • Mirjam Vellinga fan Praat mar Frysk
    07:19 - Rihanna (Ft. Kanye West & Paul Mccartney) - Four Five Seconds
    07:48 - George Ezra - Barcelona
    08:17 - Swing Out Sister - Breakout
    08:37 - Robbie Williams - The Road To Mandalay
    08:46 - Steely Dan - Reelin' In The Years
    09:06 - Men At Work - Down Under
    09:10 - First Aid Kit - My Silver Lining
    09:14 - Armin Van Buuren - This Is What It Feels Like
    09:18 - Queen - Bohemian Rhapsody
    09:23 - Ultimate Kaos - Casanova
    09:27 - John Denver - Take Me Home Country Roads
    09:34 - R.E.M. - Losing My Religion
    09:43 - Kensington - All For Nothing
    09:52 - Doobie Brothers - Listen To The Music
    Arjen Overmaat

    Muzyk yn Bedriuw

    Njonken in hiel soad muzyk fan de list fan it bedriuw fan de dei, hearst hjir wêr't oer praat wurdt by de kofje-automaat. Gjin swiere saken, wol nijsgjirrige ûnderwerpen.
    Presintaasje: 
    Arjen Overmaat
    (advertinsje)