Muzyk yn Bedriuw fan 29 septimber 2015 09:00

Foar ien dei binne wy hjoed nei Muzyk yn Bedriuw, mar Muzyk yn it Fabryk! Bedriuwesintrum De Fabriek yn Ljouwert bestiet yntusken al wer oardel jier, mar nije wike freed sil it sintrum offisjeel iepene wurde troch wethâlder Henk Deinum. Earder hiene de inisjatyfnimmers it simpelwei net oan tiid. Mei oare wurden: it giet poerbêst mei De Fabriek. Mar wat dêr no allegear krekt bart? Wy freegje it oan Jaap Hoekstra.

It is hjoed de dei fan de kofje, it swarte goud. We kinne der eins net mear sûnder. Benammen moarns is it in soarte fan ritueel dat der by heart. En der komme hieltyd mear kofjesmaken, mear kofje-spesjaliteiten. Je kinne it hast net iens mear by hâlde. Ek op it mêd fan kofjeapparaten is der in hiele trend ûntstien.
Expert Tromp yn Ljouwert bout in spesjale kofjehoeke. Der kinne allerhande gewoane mar foaral lúksere apparaten kocht wurde. Apparaten dy't sels wer kofje meale etc.
Henk Tromp fûn dat tige nijsgjirrich. Hy krige de útnoeging fan in fabrikant om him hjiryn te spesjalisearjen, om in echte kursus te folgjen. Dat wie prachtich. Se hiene in protte wille op dizze kursus. Hy hat doe echt kofjesetten leard, kin no presys útlizze hoe't in lekker bakje kofje setten wurde moat.

En fansels ha wy hjoed wer in bysûndere Tiisdeitopper. Dizze moanne wurket Frans de Roos fan Murns 40 jier by leanbedriuw Meindert de Vries yn Himmelum. Hy is nominearre troch syn buorman Tjalke Albada. Heech tiid om Frans yn it sintsje te setten.

Jaap Hoekstra, bedriuw fan de dei De Fabriek út Ljouwert

Kofjepraat mei Henk Tromp

Tiisdeitopper Frans de Roos út Murns

09:08 - Deep Blue Something - Breakfast At Tiffany's
09:12 - Creedence Clearwater Revival - Long As I Can See The Light
09:17 - Asaf Avidan & The Mojos - One Day (Reckoning Song) (Wankelmut Edit)
09:19 - Easybeats - Friday On My Mind
09:23 - Axwell & Ingrosso - Sun Is Shining
09:25 - Racoon - Don't Give Up The Fight
09:31 - Stealers Wheel - Stuck In The Middle With You
09:35 - Michael Jackson - Billy Jean
09:40 - 3Js - Wiegelied
09:49 - Red Hot Chili Peppers - Can't Stop
10:08 - Queen - Radio Ga Ga
10:15 - Alanis Morissette - Thank U
10:19 - James Bay - Let It Go
10:27 - Oasis - Wonderwall
10:28 - Ub40 - Where Did I Go Wrong
10:35 - William Seen's Transport Music - Walk Around Oblivious (Album Fersy)
10:37 - Madcon (Ft. Ray Dalton) - Don't Worry
10:41 - French Connection - Iselmar
10:49 - Maroon 5 - She Will Be Loved


11:06 - Troggs - Wild Thing
11:09 - Lost Frequencies (Ft. Janieck Devy) - Reality
11:15 - Status Quo - Rockin' All Over The World
11:18 - Twarres - Wer Bisto (Hit-Fersy)
11:22 - Jan Smit - Vrienden Voor Het Leven
11:27 - Rita Corita - Koffie
11:33 - Will And The People - Lion In The Morning Sun
11:36 - Van Morrison - These Are The Days
11:42 - John Newman - Love Me Again
11:46 - Nick & Simon - Voelt-Zo-Goed
11:50 - Sophie B. Hawkins - Right Beside You
Share this page on:
Arjen Overmaat

Muzyk yn Bedriuw

Njonken in hiel soad muzyk fan de list fan it bedriuw fan de dei, hearst hjir wêr't oer praat wurdt by de kofje-automaat. Gjin swiere saken, wol nijsgjirrige ûnderwerpen.
Presintaasje: 
Arjen Overmaat
(advertinsje)