Muzyk yn Bedriuw fan 29 desimber 2015 09:00

Yn 2016 bestiet kristlike muzykferiening 'De Vrije Fries' presys 90 jier. En dat moat fansels fierd wurde. Mei in oantal optredens troch it jier hinne wolle de muzikanten út Ald- en Nijhoarne omtinken jaan oan dit jubileumjier. Tegearre mei Iris Kroes en brassband Euphonia B út Wolvegea jouwe se op 2 jannewaris in nijjierskonsert yn de sporthal yn Nijhoarne. Op it poadium sitte sa'n 60 entûsjaste muzikanten fan 12 oant 70 jier te spyljen, dy't meielkoar in oantal lieten fan Iris Kroes begeliede sille. Rommie Haarsma, foarsitter fan De Vrije Fries, sil ús der alles oer fertelle.

It ein fan it jier is yn it sicht, dus tiid om goede foarnimmens te betinken foar takom jier. Dêrby tinke wy fuortendaliks oan ophâlde mei roken, op dieet of wat mear bewege. Mar ek yoga wurdt hieltyd populêrder. En boppedat hiel geskikt om goede foarnimmens wier te meitsjen. Yn de studio is yogadosinte Hendrika Aartsma út Britsum. Sy jout deugdeyoga. Wat dat is? Hearst it om 10.45 oere!

De tiisdeitopper is Wiepie Wiersma út Wommels. Sy wurdt nominearre as Tiisdeitopper troch har soan Andries Wiersma. Wiepie stiet altyd foar de famylje klear. Andries en syn frou ha twa bern en as it nedich is komt Wiepie lâns om op te passen of te helpen mei de bern. Se stiet altyd foar it gesin klear. Reden foar Andries om har hjoed út te roppen ta Tiisdeitopper.

Rommie Haarsma foarsitter de Vrije Fries

de tiisdeitopper Wiepie Wiersma út Wommels

09:05 - Coldplay - Viva La Vida
09:09 - Pharrell Williams - Happy
09:14 - Bruce Springsteen - Hungry Heart
09:17 - Adele - Hello
09:22 - Queen - Bohemian Rhapsody
09:27 - Piter Wilkens - Knoopkes
09:33 - James Bay - Hold Back The River
09:37 - Guns N' Roses - November Rain
09:51 - Iris Kroes - Thus


10:06 - Matthew Wilder - Break My Stride
10:11 - Eric Clapton - Layla (Unplugged)
10:20 - Kwast - Op Nijjiersdei
10:25 - Lost Frequencies (Ft. Janieck Devy) - Reality
10:27 - Mans Zelmerlow - Heroes
10:34 - Else & Albert - Wite Wrald
10:38 - John Farnham - You're The Voice
10:48 - Vanvelzen - Feels Like Coming Home Together
11:06 - Love Affair - Rainbow Valley
11:10 - Toto - Stop Loving You
11:20 - Sam Hunt - Take Your Time
11:24 - Gurbe Douwstra - Lit Jim Gean, Friezen
11:33 - Jan Smit - Als De Nacht Verdwijnt
11:36 - Bruce Springsteen - Human Touch
11:45 - Boudewijn De Groot - Jimmy (Eenzame Fietser)
11:51 - Paul Mccartney - Mull Of Kintyre

Diel dit berjocht op:
Arjen Overmaat

Muzyk yn Bedriuw

Njonken in hiel soad muzyk fan de list fan it bedriuw fan de dei, hearst hjir wêr't oer praat wurdt by de kofje-automaat. Gjin swiere saken, wol nijsgjirrige ûnderwerpen.
Presintaasje: 
Arjen Overmaat
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen fan 9.00 oant 12.00 oere.
(advertinsje)