Muzyk yn Bedriuw fan 27 septimber 2017 09:00

    Oer dizze útstjoering is gjin spesifike ynformaasje beskikber. Klik hjir foar programma-ynformaasje

    Bedriuw fan de Dei: AH Wassenaar

    • MYB Bedriuw

    Feest yn St. Anne! Want de supermerk dêr, de AH Wassenaar, bestiet al 100 jier. Dêrom hat it personiel hjoed de muzyklist foar tusken 9 en 10 gearstald. Johan bellet efkes mei Hetty Wassenaar.

    Theo Jaasma oer Kloris & Ko

    • Theo Jaasma oer Kloris & Co

    Kloris & Ko... kenst se? It binne de wolf en foks út Snits dy't tegearre aventoeren belibje yn de jierren 30! Yn 1988 makken de Snitser bruorren Theo en Hessel Jaasma it earste stripboek oer it duo en no... no komt it twadde hast út! 

    Eimer Smits sammele 1000 ansichtkaarten oer Dokkum

    • Eimer Smits sammele 1000 ansichtkaarten oer Dokkum

    En fansels is der wer lyts nijs... dat ek hiel grut wêze kin! Want Eimert Smits fan Dokkum hat mear as 1000 aansichtkaarten en foto's fan Dokkum sammele. En dy binne no tige handich foar de Fryske Akademy.

    Arjen Overmaat

    Muzyk yn Bedriuw

    Njonken in hiel soad muzyk fan de list fan it bedriuw fan de dei, hearst hjir wêr't oer praat wurdt by de kofje-automaat. Gjin swiere saken, wol nijsgjirrige ûnderwerpen.
    Presintaasje: 
    Arjen Overmaat
    (advertinsje)