Muzyk yn Bedriuw fan 26 april 2016 09:00

    De muzyklist is hjoed gearstald troch hynstehâlderij Fam. Bosma út Kollumersweach. Op Keningsdei ha se wer in iepen dei, mei dit kear it tema Fantasije. Besikers kinne sjen hoe't it der om en ta giet yn in hynstehâlderij. En fan 14.00 oant 16.00 oere is der in show mei hynsten en neiteam. Fetje Bosma fertelt ús wat der allegear te sjen en te dwaan is.

    Ferline wike stie der in nijsgjirrich stikje yn de krante oer in frou dy't in grêfkiste meitsje litten hat, dêr't sy op de side yn lizze kin. It giet om de 56-jierrige Suzan van der Schenk, dy't ek altyd op de side sliept. Dus dêrom liket it har moai om ek op de side yn de kiste te lizzen. Mar hoe sit dat: kin soks samar? Wy freegje it oan Hindrik de Vries fan De Kistemakker út Poppenwier.

    En de tiisdeitopper is hjoed Anne Gjaltema-Hoekstra, de mem fan Willem Gjaltema. Anne stiet altyd klear foar in oar as dat nedich is. Sels hat se in skoft lyn in harsenynfarkt hân en har man hie kanker, mar se lit har net út it fjild slaan. Dêrom fynt Willem dat se mei rjocht útroppen wurde mei ta tiisdeitopper.

    Hynstehâlderij Fam. Bosma út Kollumersweach is hjoed it bedriuw fan de dei

    • Hynstehâlderij Fam. Bosma út Kollumersweach is hjoed it bedriuw fan de dei

    Kistemakker Hendrik de Vries oer op 'e side yn de kist lizze

    • Kistemakker Hendrik de Vries oer op 'e side yn de kist lizze

    09:06 - Jan Smit - Vrienden Voor Het Leven
    09:09 - Miss Montreal - Love You Now
    09:14 - Trini Lopez - If I Had A Hammer
    09:16 - Bob Marley & The Wailers - No Woman No Cry (Live) (Single Version)
    09:20 - Kensington - War
    09:23 - Rita Corita - Koffie
    09:27 - Racoon - Oceaan
    09:33 - Bryan Adams - Summer Of 69
    09:36 - Marcel Smit - De Westereen
    09:41 - Beatles - A Hard Days Night
    09:47 - Lee Towers - You'll Never Walk Alone
    09:50 - Dire Straits - Walk Of Life
    09:54 - Claudia De Breij - Mag Ik Dan Bij Jou
    10:04 - Pretenders - Don't Get Me Wrong
    10:08 - Cher - Love And Understanding
    10:16 - Dnce - Cake By The Ocean
    10:25 - Trafassi - Wasmasjien
    10:30 - Golden Earring - Long Blond Animal
    10:34 - Ricky Martin & Christina Aguilera - Nobody Wants To Be Lonely
    10:40 - Shawn Mendes - Stitches
    10:43 - Rick James - Superfreak
    10:52 - Mariusz & De Muzikanten - It Kin Samar
    10:56 - Louis Armstrong - What A Wonderful World
    11:06 - Cliff Richard - In The Country
    11:08 - Simple Minds - Don't You Forget About Me
    11:17 - Weeknd - In The Night
    11:21 - Agnes Sambrink - Fryslan Myn Fryslan
    11:26 - Eros Ramazzotti & Tina Turner - Cose Della Vita
    11:34 - Het Goede Doel - Nooduitgang
    11:38 - Listenbee - Save Me
    11:43 - Martijje - Hoe Hard Dan Ok De Wind Weit
    11:50 - Whitney Houston - My Love Is Your Love
    11:54 - Santana - Well All Right

    Arjen Overmaat

    Muzyk yn Bedriuw

    Njonken in hiel soad muzyk fan de list fan it bedriuw fan de dei, hearst hjir wêr't oer praat wurdt by de kofje-automaat. Gjin swiere saken, wol nijsgjirrige ûnderwerpen.
    Presintaasje: 
    Arjen Overmaat
    (advertinsje)