Muzyk yn Bedriuw fan 23 maaie 2016 09:00

    De muzyklist is hjoed gearstald troch soarchatelier Tierelantuintje út Aldegea Smellingerlân. By Tierelantuintje wurkje bern en jong-folwoeksenen mei in beheining. Der wurdt wurke oan ferskate projekten. Fan kreative aktiviteiten oant húshâldlik wurk. Op it terrein hat it soarchatelier sels in griente- en krûdetún en in kweekkas. De griente en it fruit út dizze tún wurdt brûkt yn de gerjochten foar de teetún, dy't fan april oant en mei septimber iepen is. Eigeneresse Janna van Rheenen fertelt ús wat der hjoed op de menukaart stiet!

    Mochten jo nochris útnûge wurde by de kening foar in lunch of diner, dan kinne jo it bêste mar fêst in fersekering ôfslute. De kening hat nammentlik krekt nij servys oanskaft foar in bedrach fan mar leafst 1,4 miljoen euro. De âlde kop en pantsjes wiene al 40 jier âld en heech ta oan ferfanging. En dat mei dus wat kostje. Mar hoe kin in itensboard no sa djoer wêze? Wy freegje it oan Lies van Huet, keramiste út Ljouwert.

    Ofrûne wike hiene wy har al oan de telefoan: Durkje Hoogterp fan Sailwise. Sailwise is in stifting dy't wettersport oanbiedt foar minsken mei in beheining. Tongersdei wie de feestlike iepening fan harren nije gebou yn Ealahuzen. En sneon wie der in iepen dei foar elkenien dy't ynteressearre is yn dit prachtige bedriuw. Hoe is it gong? Wy freegje it oan Durkje sels!

    Lies van Huet oer djoer servys!

    Janna van Rheenen oer bedriuw fan de dei soarchatelier Tierelantuintje

    09:04 - Gers Pardoel (Ft. Sef) - Bagagedrager
    09:08 - Amazing Stroopwafels - Oude Maasweg
    09:12 - Coldplay - Hymn For The Weekend
    09:17 - Chef' Special - In Your Arms
    09:20 - Led Zeppelin - Stairway To Heaven
    09:31 - Dua Lipa - Be The One
    09:35 - Nits - In The Dutch Mountans
    09:38 - Nick & Simon - Rosanne
    09:46 - Kensington - Done With It
    09:50 - Gurbe Douwstra - Foar Sybe
    09:54 - Miggy - Annie


    10:03 - Genesis - Land Of Confusion
    10:08 - Various Artists - Perfect Day
    10:14 - Justin Timberlake - Can't Stop The Feeling
    10:23 - J. Geils Band - Centerfold
    10:27 - Brandewyn - Boogy Woogy Myntsje
    10:33 - Bryan Ferry - Let's Stick Together
    10:36 - Madonna - Hung Up
    10:41 - Ali B & Diggy Dex - Ik Huil Alleen Bij Jou
    10:49 - F.R. David - Words
    10:52 - Stromae - Formidable
    11:08 - Spencer Davis Group - I'm A Man
    11:10 - Desireless - Voyage Voyage
    11:15 - James Bay - Best Fake Smile
    11:19 - Weima & Van Der Werf - 't Komt Altyd Wol Goed
    11:22 - Paul Simon - Late In The Evening
    11:28 - Alanis Morissette - Ironic
    11:35 - Marco Borsato - De Bestemming
    11:39 - Kygo - Stole The Show
    11:44 - De Kast - De Tijd Tikt Door
    11:51 - Toto - Don't Chain My Heart

    Arjen Overmaat

    Muzyk yn Bedriuw

    Njonken in hiel soad muzyk fan de list fan it bedriuw fan de dei, hearst hjir wêr't oer praat wurdt by de kofje-automaat. Gjin swiere saken, wol nijsgjirrige ûnderwerpen.
    Presintaasje: 
    Arjen Overmaat
    (advertinsje)