Muzyk yn Bedriuw fan 20 oktober 2015 09:00

In wol hiel smaaklike muzyklist hjoed! Dit wykein organisearje se yn Terherne de fyfde edysje fan it evenemint Proef de Kunst. Dat is in keunstrûte fan trije dagen, dy't besikers meinimt nei de moaiste plakjes fan it doarp. Tritich keunstlokaasjes iepenje harren doarren, dêr't ferskate keunstners harren wurk sjen litte. En der kin ek echt preaun wurde, want de lêste dei wurdt kombinearre mei in kulinêre hapkesrûte. De muoite mear as wurdich om it lêste wykein fan de hjerstfakânsje in besite te bringen oan Terherne.

Jan Stellingwerff fan Wâldsein is hjoed ús Tiisdeitopper. Hy wurket al jierren by leanbedriuw Arjen Rijpma, ek yn Wâldsein. Hy is nominearre troch Joke Ensing. Neffens Joke is Jan in echte fakman en hat er boppedat tige sterke ferhalen. Wy binne no al benijd!

En fansels ha wy hjoed ek wer moaie húskeamerkonserten. Joline Dalstra is hjoed op 'en paad mei de manlju fan Vangrail. Wêr't se dit kear delstrike om harren optredens te jaan? Hearst it yn Muzyk yn Bedriuw!

Lizette Rosenboom oer Proef de kunst yn Terherne

Tiisdeitopper Jan Stellingwerff

09:08 - Overdrive Bachman, Turner - You Ain't Seen Nothing Yet
09:12 - Herman & Jilt - Wat In Moaie Dei
09:17 - Sam & Dave - Soul Man
09:20 - Blue Oyster Cult - Don't Fear The Reaper
09:25 - Jan De Vries - Saterdegoffen (Cd)
09:33 - Green Day - Boulevard Of Broken Dreams
09:42 - Van Morrison - Brown Eyed Girl
10:08 - Huey Lewis & The News - Stuck With You
10:14 - Radios - She Goes Nana
10:17 - Sam Hunt - Take Your Time
10:26 - The Police - Roxanne
10:28 - Fugees - Ready Or Not
10:36 - Red Hot Chili Peppers - Californication
10:42 - Otis Redding - Sittin' On The Dock Of The Bay
10:51 - Gloria Estefan - Bad Boy
11:09 - Tom Jones - It's Not Unusual
11:11 - Alvaro Soler - El Mismo Sol
11:19 - Elvis Presley - Suspicious Minds
11:23 - John Parr - St. Elmo's Fire
11:28 - Aart Lus & Ed Lip - Ik Bin Su Eil
11:34 - Beatles - Yellow Submarine (Original)
11:37 - Rolling Stones - Little Red Rooster
11:40 - Bloem - Omdat
11:51 - De Hunekop - Druksrotsoai

Diel dit berjocht op:
Arjen Overmaat

Muzyk yn Bedriuw

Njonken in hiel soad muzyk fan de list fan it bedriuw fan de dei, hearst hjir wêr't oer praat wurdt by de kofje-automaat. Gjin swiere saken, wol nijsgjirrige ûnderwerpen.
Presintaasje: 
Arjen Overmaat
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen fan 9.00 oant 12.00 oere.
(advertinsje)