Muzyk yn Bedriuw fan 18 april 2017 09:00

    Oer dizze útstjoering is gjin spesifike ynformaasje beskikber. Klik hjir foar programma-ynformaasje

    Alida van der Wal oer deibesteging Te Plak yn Pingjum

    • Alida van der Wal oer deibesteging Te Plak yn Pingjum

    Se meane der gers, se hâlde der geiten en se bewurkje hout. Dit giet fansels oer deibesteging Te Plak yn Penjum! Te Plak is hjoed it bedriuw fan de dei en Arjen bellet mei Alida van der Wal fan Te Plak.

    In felisitaasje foar de Fryske Radio Amateurklup op de Wrâlddei fan de Amateurradio!

    • In felisitaasje foar de Fryske Radio Amateurklup op de Wrâlddei fan de Amateurradio!

    Hjoed is it de 'Werelddag fan de Amateurradio'! It is wol krekt efkes oars radio meitsje as wat wy hjir dogge by de Omrop. Moast dy yntinke datsto bygelyks thús bist en mei stjoerapparatuer in oar besikest te berikken, mar wit'st net wa! En dat kin ien út Amearika wêze, mar ek dyn buorman! In spannende hobby en it is fansels wol hiel aardich om dizze amateurradiomakkers dêrom hjoed yn it sintsje te setten. Arjen wol dêrom de Fryske radio Amateurklup út Ljouwert wol efkes lokwinskje mei dizze feestlike dei!

    Greta Hoekstra en Ella Wiersma binne hjoed ús Tiisdeitoppers!

    • Greta Hoekstra en Ella Wiersma binne hjoed ús Tiisdeitoppers!

    En fansels ha wy ek hjoed wer in Tiisdeitopper... of eins twa! Dizze kear komme se fan Sumar.

    Arjen Overmaat

    Muzyk yn Bedriuw

    Njonken in hiel soad muzyk fan de list fan it bedriuw fan de dei, hearst hjir wêr't oer praat wurdt by de kofje-automaat. Gjin swiere saken, wol nijsgjirrige ûnderwerpen.
    Presintaasje: 
    Arjen Overmaat
    (advertinsje)