Muzyk yn Bedriuw fan 15 febrewaris 2016 09:00

    Wy ha hjoed in bysûnder bedriuw fan de dei yn Muzyk yn Bedriuw. De muzyklist komt dit kear fan BBF Bamboe Friesland tuin & meer út Lippenhuzen. Dit bedriuw makket allerhande produkten fan bamboe foar yn 'e hûs en de tún. Klanten kinne mei eigen ideeën komme, dat realisearre wurdt troch de meiwurkers fan dit bedriuw. Jan Frans Idsinga fertelt ús wat foar saken der mei bamboe allegear makke wurde yn Lippenhuzen.

    De media ha it hjoed smoardrok mei matchfixing yn de fuotbalwrâld. Wedstriden fan Willem II yn 2009 soene net earlik ferrûn wêze, omdat spiler Ibrahim Kargbo fan tefoaren ôfspraken makke hie mei in matchfixer oer de útslach. Sa hawwe kriminele organisaasjes miljoenen fertsjinne oan dizze weddenskippen. In sport dêr't ek folop yn wedde wurdt, is fansels de drafsport. Hoe foarkomme jo dêr dat dêr matchfixed wurdt? Wy freegje it oan ús eigen drafsportdeskundige Hans Sinnige fan drafbaan Victoriapark yn Wolvegea.

    Ofrûne sneon hie brassband De Bazuin út Oentsjerk har jierlikse Valentijnskonsert. Yn de fernijde grutte seal fan De Lawei yn Drachten spile de Bazuin ûnder lieding fan dirigent Klaas van der Woude. Mar hoe is it gong? Wy freegje it oan Broer van der Wal.

    Jan Frans Idsinga fan BBF Bamboe Friesland tuin & meer

    • Jan Frans Idsinga fan BBF Bamboe Friesland tuin & meer

    Hans Sinnige oer matchfixing yn de drafsport

    • Hans Sinnige oer matchfixing yn de drafsport

    Broer van der Wal oer it Valentijnskonsert fan De Bazuin

    • Broer van der Wal oer it Valentijnskonsert fan De Bazuin

    09:06 - Piter's Protters - Best Genoch
    09:09 - Jannes - Mijn Naam Is Jannes
    09:13 - Bzn - Rockin' The Trolls
    09:16 - Gurbe Douwstra - Cliffs Of Moher (Cd Fersy)
    09:22 - Queen - Somebody To Love
    09:27 - Doede Bleeker - Switsokken
    09:33 - U2 - Sunday Bloody Sunday
    09:38 - Scrum - Amazing Grace (Studio Fersy)
    09:42 - Wiko's - Hoantsje Op 'e Toer


    10:06 - Starship - Nothing's Gonna Stop Us Now
    10:10 - Jewel - Foolish Games
    10:16 - Lukas Graham - 7 Years
    10:25 - Beyonce - Irreplaceable
    10:32 - Chic - Good Times
    10:36 - Daniel Powter - Bad Day
    10:41 - Typhoon - Niet Weglopen
    10:50 - Tina Turner - We Don't Need Another Hero
    10:54 - Charlie Puth - One Call Away


    11:05 - Spencer Davis Group - Keep On Running
    11:08 - Suzanne Vega - Luka
    11:13 - Shawn Mendes & Camila Cabello - I Know What You Did Last Summer
    11:17 - Equal Souls - Lit My Frij (Album Fersy)
    11:21 - Rod Stewart - Maggy May
    11:27 - Vengaboys - Shalala Lala
    11:34 - De Dijk - Bloedend Hart
    11:38 - Weeknd - Can't Feel My Face
    11:43 - Elske Dewall - Black Water
    11:46 - Phil Collins - Strangers Like Me
    11:49 - Stevie Wonder - Sir Duke
    11:53 - Kensington - War

    Arjen Overmaat

    Muzyk yn Bedriuw

    Njonken in hiel soad muzyk fan de list fan it bedriuw fan de dei, hearst hjir wêr't oer praat wurdt by de kofje-automaat. Gjin swiere saken, wol nijsgjirrige ûnderwerpen.
    Presintaasje: 
    Arjen Overmaat
    (advertinsje)