Muzyk yn Bedriuw fan 10 novimber 2015 09:00

Omrop Fryslân docht wer mei mei de Voedselbankaksje fan de regionale omroppen dy't holden wurdt fan 7 oant 18 desimber. Doel is safolle mooglik guod yn te sammeljen foar de itensbanken yn ús provinsje. Alle ynformaasje oer de aksje stiet op ús spesjale webside  .

By de itensbanken binne ek in soad frijwilligers oan it wurk. Wy wolle dizze frijwilligers ek ris yn it sintsje sette en ha ferskate itensbanken frege om in muzyklist yn te foljen. Hjoed stiet de itensbank fan Opsterlân sintraal. Nikita Brameijer fertelt oer it wurk en de frijwilligers fan dizze itensbank.

It is moarn 11 novimber en dus ek wer Sint Maarten. De bern komme sjongend lâns de doarren. Mar wêr komme dy ferskes eins wei? It liket wol al wurde it der alle jierren mear. Wa betinkt dy fariaasjes? En hoe leare de bern dy? Op skoalle? Mar ek skunnige ferskes komme foarby, hoe sit dat dan? We freegje Janneke Brakels, sjonglearares, hoe't dat sa komt.

Jelke de Jager út Sint Anne is hjoed de Tiisdeitopper. Mei troch syn entûsjasme koe der 11 oktober in boek oer de skilder Johannes Blanksma útjûn wurde. Dêrom is Jelke in echte Tiisdeitopper, fynt Jitske Dankert út St. Anne.

Janneke Brakels oer de Sint Maarten-ferskes

Tiisdeitopper Jelke de Jager

09:06 - Queen - Bohemian Rhapsody
09:13 - Dotan - Home
09:18 - Ramses Shaffy - Zing Vecht Huil Bid Lach Werk En Bewond
09:21 - De Kast - In Nije Dei (Live)
09:26 - Bruno Mars - Just The Way You Are
09:33 - Johnny Cash - I Walk The Line
09:35 - Adele - Rolling In The Deep
09:39 - Die Twa - Fugels
09:43 - Sam Smith - Like I Can
09:46 - James Blunt - You're Beautiful
10:06 - Maywood - Rio
10:10 - Bryan Adams - I Do It For You (Everything I Do)
10:21 - Lost Frequencies (Ft. Janieck Devy) - Reality
10:24 - Trijntje Oosterhuis - Knocked Out
10:31 - Beand Baas & Smarige Skep - Feestje
10:34 - Paul De Leeuw - 'k Heb Je Lief
10:44 - Theun Plantinga & Janneke Brakels - Verwarm Me
10:51 - Common Linnets - Hearts On Fire


11:06 - Marvin Gaye & Kim Weston - It Takes Two
11:08 - Sigala - Easy Love
11:17 - Fine Young Cannibales - She Drives Me Crazy
11:20 - Gurbe Douwstra - As It Myn Tiid Is
11:27 - Kensington - Streets
11:33 - Frans Bauer - Heb Je Even Voor Mij
11:37 - Louis Armstrong - What A Wonderful World (Original)
11:41 - Brian May - Too Much Love Will Kill You
11:50 - Gilbert O'sullivan - Matrimony
Diel dit berjocht op:
Arjen Overmaat

Muzyk yn Bedriuw

Njonken in hiel soad muzyk fan de list fan it bedriuw fan de dei, hearst hjir wêr't oer praat wurdt by de kofje-automaat. Gjin swiere saken, wol nijsgjirrige ûnderwerpen.
Presintaasje: 
Arjen Overmaat
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen fan 9.00 oant 12.00 oere.
(advertinsje)