Muzyk Maskelyn fan 9 juny 2013

It Gouden Spiker Festival waard dit jier op 'e nij hâlden yn multifunksjoneel sintrum De Wier yn Oerterp. De brassbands kamen al op 19 en 20 april oan bod, de fanfares gongen de striid om de Gouden Spiker oan op sneon 25 maaie. Jo koene thús streekrjocht meiharkje nei de orkesten út de fyfde, fjirde en tredde divyzje, ferline wike ha wy op de radio it galakonsert fan fanfare Joost Wiersma útstjoerd en hjoed hearre wy de fanfare klanken fan de kristelike fanfare út EE / Ingwierrum ûnder lieding fan dirigint Andries de Haan. It orkest komt út yn de tredde divyzje en spilet
fjouer wurken wêr ûnder it ferplichte wurk 'Concordia' fan Eric Swiggers.

Hjoed ek yn Muzyk Maskelyn it optreden fan brassband 'Heman' út Súdwolde ( Zuidwolde ) op it Euro Brass Drachten festival 2012. De 11e edysje fan dit ynternasjonale festival waard hâlden op freed 8 juny en sneon 9 juny 2012 yn skouboarch De Lawei fan Drachten.
Brassband 'Heman' spile ûnder lieding fan dirigint Anne van den Berg yn de B-groep 4 wurken en yn Muzyk Maskelyn litte wy de opnamen hearre.

Fierders omtinken foar de Nederlânske Brassband Kampioenskippen dy't holden waarden yn desimber ferline jier yn de Martini Plaza fan Grins. Hjoed de prestaasje fan brassband 'De Nije Bazún' fan Britsum. Dizze brassband behelle ûnder lieding fan dirigint Piet van der Heide yn de 3e divyzje 85 punten en dat wie goed foar it 7e plak.

De kristelike fanfare EE / Ingwierrum spilet ûnder lieding fan Andries de Haan:
Take Off - Jan Bosveld
Break Forth into the World in Peace - John Rutter / arr. Luc Vertommen
Tuba Smarties - Herbie Flowers / arr. Menno Haantjes / solist op Es bas: Freerk Hofma
Concordia - Eric Swiggers

Muzyk rezjy: Guus Tomey
Technyk: Dolf Tannemaat & Aise van Beets
Ass. technyk: Joop Scholten en Wessel de Koning

Brassband 'Heman' út Súdwolde spilet ûnder lieding fan Anne van den Berg:
David of the White Rock - Welsh traditional melody / arr. Philip Sparke
Light in the Darkness - Joop van Dijk
Don't doubt him now - Craig Woodland / solist op kornet: Linda Boiten
Dance Fever - Kenneth Downie

Brassband 'De Nije Bazún' út Britsum spilet ûnder lieding fan Piet van der Heide:
Angel of the North - Richard Grantham

Gearstalling: Aise van Beets
https://twitter.com/AisevanBeets
http://www.koperkanaal.nl

Muzyk Maskelyn fan 9 juny 2013

Share this page on:
Muzyk Maskelyn

Muzyk Maskelyn

Snein 22 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Muzyk Maskelyn. Jo kinne allinnich noch hafabramuzyk beharkje op it koperkanaal fm. Sneintemoarn fan 06.00 oant 08.00 oere. http://www.omropfryslan.nl/programma/koperkanaal-fm
(advertinsje)