Muzyk Maskelyn fan 8 septimber 2013

Op freed 7 juny en sneon 8 juny spile 'Soli Brass' út Ljouwert op de 12e edysje fan it Euro Brass Drachten festival. De band spile ûnder lieding fan dirigint Anne van den Berg de freeds twa wurken en de rest fan it programma op de sneon lykas de rest fan de brassbands út de A-groep.
Hjoed yn Muzyk Maskelyn litte wy de opnamen hearre dy't wy sneons makke ha fan dizze brassband út Ljouwert.

It B orkest fan brassband De Bazuin út Oentsjerk spile ek op dit Euro Brass Drachten festival. Op sneon 8 juny spile de band ûnder lieding fan dirigint Bienze IJlstra yn de B groep 4 wurken en snein yn Muzyk Maskelyn kinne wy ek dizze opnamen belústerje.

Hjoed yn Muzyk Maskelyn ek oandacht foar de Fryske Jeugd Brassband. Dizze brassband is mei yngong fan 1 septimber út need stoppe. Yn it nije belied fan de provinsje en Keunstwurk is gjin plak meer foar dit orkest. Derom moatte se, lykas it Frysk Jeugd Harmonie orkest ophâlde. Rom 27 jier hat dit jeugdorkest yn Fryslân en fier der bûten sjen en hearre litten dat Fryslân folle talint hat op it gebiet fan de blaasmuzyk. Unike optredens mei sopraan Miranda van Kralingen, Frits Damrow, Ivan Meylemans, Robert Childs en Henk Meutgeert hearre tot de hichtepunten fan dit orkest, mar ek suksesfolle dielname oan Europeeske Jeugd Muzykfestivals yn ûnder oare Neerpelt, Malmö en Purmerein makken dat de Fryske jeugd hearre litte koe wat se yn hûs hienen.
Grutte bekendheid krige de Fryske Jeugd Brassband troch harren optredens mei Piter Wilkens. Fan 2000 oant 2002 waarden ferskeidene optredens yn ferskate Fryske teaters fersoarge en sa kaam hiel Fryslân in de kunde mei de blaasmuzyk. Yn 2001 waard de CD Greideroas opnommen mei ûnder oare it nûmer 'Blaasmuzyk' wat spesjaal foar de muzikanten fan de Jeugd Brassband en harren dirigent skrean waard.
Snein hearre jimme yn Muzyk Maskelyn inkele opnamen fan dit orkest, wat ek 27 jier ûnder lieding stien hat fan Durk Lautenbach.

Brassband 'Soli Brass' fan Ljouwert spilet ûnder lieding fan Anne van den Berg:
Hymn for Diana - Joseph Turrin
Shine as the Light - Peter Graham
Flowerdale - Philip Sparke / solist op es-kornet: Johan Breetveld
Dance Fever - Kenneth Downie

Brassband 'De Bazuin B' fan Oentsjerk spilet ûnder lieding fan Bienze IJlstra:
The Titan March - Gordon Langford
That'll Do - Randy Newman / arr. Dan Price
Beetlejuice - Danny Elfman / arr. Klaas van der Woude
The Saga of Haakon the Good - Philip Sparke

De 'Fryske Jeugd Brassband' spilet ûnder lieding fan Durk Lautenbach:
Mercury - Jan Van der Roost
Saddle and Spur - Ksylofoansolist Gosling Veldema

Gearstalling: Aise van Beets
http://www.koperkanaal.nl
https://twitter.com/AisevanBeets

Muzyk Maskelyn fan 8 septimber 2013

Share this page on:
Muzyk Maskelyn

Muzyk Maskelyn

Snein 22 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Muzyk Maskelyn. Jo kinne allinnich noch hafabramuzyk beharkje op it koperkanaal fm. Sneintemoarn fan 06.00 oant 08.00 oere. http://www.omropfryslan.nl/programma/koperkanaal-fm
(advertinsje)