Muzyk Maskelyn fan 8 july 2012

Brassband Soli Deo Gloria fan Rinsumageast spile op de 17e edysje fan it Gouden Spiker Festival op 21 april yn Oerterp fjouwer wurken. Foarige wike ha wy dêr trije fan hearre kinnen, hjoed beginne wy de útstjoering mei it fjirde en lêste wurk. De brassband út Rinsumageast stiet ûnder lieding fan Gatse Hylkema.
Fanfare Constantia komt fan Menaam en spile yn april dit jier op de twadde edysje fan de Iepen Nederlânske Fanfare Kampioenskippen yn De Lawei fan Drachten. It orkest spile yn de twadde divyzje en spile ûnder lieding fan dirigint Piet Groeneveld. Wy hawwe dêr opnamen makke en stjoere hjoed de bydrage út fan de Menamer fanfare.
Ek argyfopnamen fan it mannekoar Cantate Cum Gaudio fan De Jouwer út 1999. Muzykregisseur Piebe Bakker en technikus Aise van Beets hawwe doe opnamen makke yn de Krústsjerke fan Burgum, wy litte in part fan dy opnamen hjoed hearre. Fan it konsertkonkoers fan maart dit jier organisearre troch it muzykbûn OMF yn dizze útstjoering de opnamen fan de Grinzer fanfare "De Bazuin" fan Lutjegast. De band stiet ûnder lieding fan Onno Zuidema en sy spylje in koraal en in grut wurk.

Brassband "Soli Deo Gloria" fan Rinsumageast spilet ûnder lieding fan Gatse Hylkema:
Triptych - Oliver Waespi

Mannekoar "Cantate Cum Gaudio" fan De Jouwer sjongt ûnder lieding fan Hans van Rossum:
Liet 14- De Hear is myn Hoeder - J.G. Bastiaans / J.J.L. ten Kate / arr. Hans van Rossum
Vriendelijk Licht - Tekst: Wouter Goedhart / arr. Hans van Rossum
Close to Thee - Mel Howard / Lee Erwin
Ambrosiaanse lofzang - E. Gebhardt / Nederlânske tekst: Cor Denkers / bewurking: E. Ruh

Fanfare "Constantia" fan Menaam spilet ûnder lieding fan Piet Groeneveld:
Hellehonden - Jan Bosveld

Fanfare "De Bazuin" fan Lutjegast spilet ûnder lieding fan Onno Zuidema:
Liet 161 - Jan van der Roost
Feroaring fan Lucht - Jan Bosveld

Fanfare "De Bazuin" fan Winsum spilet:
Abide with me - Wiliam Monk

Fanfare "De Bazuin" fan Tsjummearum spilet ûnder lieding fan Marten Miedema:
Be Still for the presence of the Lord - David Evans / arr. Marten Miedema
Become aware of him - Robert Redhead / arr. Marten Miedema

Gearstalling: Aise van Beets

Muzyk Maskelyn fan 8 july 2012

Share this page on:
Muzyk Maskelyn

Muzyk Maskelyn

Snein 22 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Muzyk Maskelyn. Jo kinne allinnich noch hafabramuzyk beharkje op it koperkanaal fm. Sneintemoarn fan 06.00 oant 08.00 oere. http://www.omropfryslan.nl/programma/koperkanaal-fm
(advertinsje)