Muzyk Maskelyn fan 29 july 2012

Hjoed yn Muzyk Maskelyn de bydrage fan brassband 'De Bazuin' fan Oerterp oan it konsertkonkoers organisearre troch muzykbûn OMF fan maart dit jier. De brassband stiet ûnder lieding fan Hendrik de Boer en spilet trije wurken. De Nederlânske Brassband Kampioenskippen 2011 ha wy al in soad fan hearre kinnen, yn dizze útstjoering de bydrage fan brassband 'De Bazuin' fan Oerterp ûnder lieding fan Hendrik de Boer út de tredde divyzje. Ferline wike koene wy d'r mar in lyts part fan hearre litte, hjoed it ferplichte wurk hielendal.
Ek opnamen út it argyf fan it 27e Parktsjerke Brassband Festival. Op 1 febrewaris 1992 hawwe technikus Fred Steusel en muzykregisseur Piebe Bakker opnamen makke fan dit festival. Hjoed opnamen fan de Provinsjale Jeugdbrassband ûnder lieding fan Dirk Lautenbach en brassband 'Looft den Heer' fan Garyp ûnder lieding fan Hille van Hijum

Brassband 'De Bazuin' fan Oerterp spilet ûnder lieding fan Hendrik de Boer:
I can think of him - J. Webb / arr. L. Condon
The Dark side of the Moon - Paul Lovatt-Cooper
Inspiration - Jan de Haan

Brassband 'Looft den Heer' fan Garyp spilet ûnder lieding fan Hille van Hijum:
Little Red Bird - Richards

De Provinsjale Jeugdbrassband spilet ûnder lieding fan Dirk Lautenbach:
Saddle and Spur - solo: Gosling Veldema
Fiesta della Costa - Gistel

Brassband 'De Bazuin' fan Oerterp spilet ûnder lieding fan Hendrik de Boer:
Sinfonietta no.1 - Johan de Meij

Gearstalling: Aise van Beets

Alle opnamen draaie ek mei op http://www.koperkanaal.nl

Muzyk Maskelyn fan 29 july 2012

Share this page on:
Muzyk Maskelyn

Muzyk Maskelyn

Snein 22 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Muzyk Maskelyn. Jo kinne allinnich noch hafabramuzyk beharkje op it koperkanaal fm. Sneintemoarn fan 06.00 oant 08.00 oere. http://www.omropfryslan.nl/programma/koperkanaal-fm
(advertinsje)