Muzyk Maskelyn fan 28 july 2013

Hjoed omtinken foar it WMC dizze moanne holden yn Kerkrade, wy hearre de brassbands Manger Musikklag út Noorwegen en de Cory Band út Ingelân mienskippelik mei in prachtich koraal. It galakonsert wie op snein 8 july streekrjocht te belusterjen op radio 4 fanút de Rodahalyn Kerkrade.

Brassband De Wâldsang út Bûtenpost spile yn 1988 op it Topbrassfestival, doe yn De Lawei fan Drachten. Der dine 5 brassbands oan mei, wy litte út it argief hjoed de opnamen hearre dy't wy makke ha fan de brassband út Bûtenpost. De band spile op 18 juny 1988 ûnder lieding fan dirigint Bienze IJlstra 4 nûmers, twa mei trompetsolist Frank van der Poel. De opname binne eartiids makke troch technikus Ad Vink en muzyk regisseur Frits Cox en dat wie in gearwurking mei de VARA.

Ek opnamen út it argyf fan kopergroep 'Times' makke op 20 april 1988 yn de studio fan Omrop Fryslân oan de Grienewei yn Ljouwert. De Kopergroep bestie doe út Gert Jan Loot en Piet Bergsma op trompet, Nynke Klijn Hesselink op hoarn, Sjoek Nutma op trombône en Johannes Reijenga op bas. Wy litte hjoed it lêste part fan de opnamen hearre dy't makke binne troch technikus Fred Steusel en muzykregisseur Jan Holtrop.

Yn de útsjoering fan snein 28 july ek it optreden fan brassband De Bazuin út Oentsjerk op it Euro Brass Drachten festival 2013. De 12e edysje fan dit ynternasjonale festival waard hâlden op freed 7 juny en sneon 8 juny 2013 yn skouboarch De Lawei fan Drachten.
De brassband út Oentsjerk spile ûnder lieding fan dirigint Klaas van der Woude yn de A-groep (kampioensdivyzje ) freeds twa wurken en sneons fjouer wurken en yn Muzyk Maskelyn litte wy sawat it hiele optreden hearre. De band behelle mei it optreden it tredde plak.

Op sneon 2 maart fan dit jier wiene wy te gast yn De Lawei yn Drachten by it konsertkonkoers organisearre troch it muzykbûn OMF.
OMF stiet foar 'Organisatie van muziekverenigingen in Fryslân'. Ferdield oer fjouwer divyzjes hawwe 14 orkesten harren prestaasje oan de sjuery en publyk hearre litten. Fanfare 'Melodia' fan Wyckel kaam út yn de fjirde divyzje en spile twa wurken en in koraal ûnder lieding fan Jeanette Valkema. Wy ha de opnamen en litte se hjoed hearre!

Brassband Manger Musikklag út Noorwegen en de Cory Band út Ingelân spylje ûnder lieding fan Allan Withington:
Abide with me

Brassband De Wâldsang út Bûtenpost spilet ûnder lieding fan Bienze IJlstra:
Strike up the Band - George Gerswin / arr. Goff Richards
Eloise - Barry Rian / arr. Derek Broadbent / trompetsolist: Frank van der Poel
Opus for Trumpet / Theo Mertens / trompetsolist: Frank van der Poel
Salute to youth - Gilbert Vinter

Kopergroep 'Times' spilet:
Scherzo - Ludwig Maurer
Allegro Gracioso - Ludwig Maurer
From Stephen Foster - arr. Walter Beeler

Brassband 'De Bazuin' út Oentsjerk spilet ûnder lieding fan Klaas van der Woude:
Spiriti - Thomas Doss
Ad Astra - Jacob Vilhelm Larsen
Equus - Eric Whitacre / arr. Klaas van der Woude
Concerto for Flugel Horn - part 2 - Darrol Barry / bugelsolist: Jolanda Dijkhuis
Paquito - Andy Scott / arr. Jim Fieldhouse

Fanfare 'Melodia' út Wyckel spilet ûnder lieding fan Jeanette Valkema:
Hymn of Consolation - Menno Haantjes
Clouds - Eric Swiggers
Trimbeka - Carl Wittrock

Gearstalling: Aise van Beets
http://www.koperkanaal.nl
https://twitter.com/AisevanBeets

Muzyk Maskelyn fan 28 july 2013

Diel dit berjocht op:
Muzyk Maskelyn

Muzyk Maskelyn

Snein 22 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Muzyk Maskelyn. Jo kinne allinnich noch hafabramuzyk beharkje op it koperkanaal fm. Sneintemoarn fan 06.00 oant 08.00 oere. http://www.omropfryslan.nl/programma/koperkanaal-fm
(advertinsje)