Muzyk Maskelyn fan 28 april 2013

Ek hjoed omtinken foar de tredde edysje fan de Iepen Nederlânske Fanfare Kampioenskippen trije wiken lynt holden yn de Drachtster Lawei. Alle fiif kampioenen hawwe wy yn de útstjoering fan snein 7 april al hearre kind. Yn dizze útstjoering de bêste Fryske prestaasje út de 5e divyzje en dy kaam foar rekken fan CMV Wubbenus Jacobs fan Arum ûnder lieding fan dirigint Arjen Steur. We hearre it ferplichte wurk fan de 5e divyzje, de opname is makke troch technikus Aise van Beets en muzykregisseur Jan Ottevanger op freed 5 april. Mei 86 punten behelle dizze fanfare it 3e plak.

Fierders omtinken foar de Nederlânske Brassband Kampioenskippen dy holden waarden yn desimber ferline jier yn de Martini Plaza fan Grins. Ek dêr fan hawwe wy de opnamen fan alle kampioenen fan alle divyzjes al hearre kind, hjoed de prestaasje fan brassband De Lofklank fan Oerterp. Dizze brassband behelle ûnder lieding fan dirigint Jaap Musschenga yn de 2e divyzje 87 punten en dat wie goed foar it 6e plak.

Op sneon 10 novimber ferline jier wiene wy te gast yn De Lawei yn Drachten by it konsertkonkoers organisearre troch it muzykbûn OMF.
OMF stiet foar 'Organisatie van muziekverenigingen in Fryslân'. Ferdield oer 6 divyzjes hawwe 15 orkesten harren prestaasje oan de sjuery en publyk hearre litten. Fanfare 'Concordia' fan Wjelsryp kaam út yn de 3e divyzje en spile trije wurken ûnder lieding fan dirigint Sjoerd de Boer. Wy ha de opnamen!

It muzykbûn OMF hie in nije ynfolling fan de jûn betocht en hie de winners fan it solistekonkoers 'De Klank fan Fryslân' útnoege. It Fries Jeugd Harmonie Orkest ûnder lieding fan Thijs Oud mocht de solist op fluit Marjon Planting begeliede. Dy opname litte wy hjoed ek hearre!

CMV Wubbenes Jacobs út Arum spilet ûnder lieding fan Arjen Steur:
Country Scenes - Hans Aerts

Brassband De Lofklank fan Oerterp spilet ûnder lieding fan Jaap Musschenga:
Cross Patonce - Goff Richards

Fanfare 'Concordia' fan Wjelsryp spilet ûnder lieding fan Sjoerd de Boer:
Liet 459 - arr. Jan Hadermann
't Ministerie van Fanfare - Jacob de Haan
De Kwelgeest - Rob Goorhuis

It Fries Jeugd Harmonie Orkest spilet ûnder lieding fan Thijs Oud:
Op. 107, Concertino for flute and orchestra in D major (1902) - Cécile CHaminade

Gearstalling: Aise van Beets
https://twitter.com/AisevanBeets
http://www.koperkanaal.nl

Muzyk Maskelyn fan 28 april 2013

Share this page on:
Muzyk Maskelyn

Muzyk Maskelyn

Snein 22 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Muzyk Maskelyn. Jo kinne allinnich noch hafabramuzyk beharkje op it koperkanaal fm. Sneintemoarn fan 06.00 oant 08.00 oere. http://www.omropfryslan.nl/programma/koperkanaal-fm
(advertinsje)