Muzyk Maskelyn fan 24 juny 2012

    Hjoed yn Muzyk Maskelyn de bydrage fan fanfare 'Excelsior' fan Skearnegoutum oan it konsertkonkoers organisearre troch muzykbûn OMF fan maart dit jier. De fanfare stiet ûnder lieding fan Tjeerd Barkmijer en spilet trije wurken. Ek opnamen út it argyf fan it 27e Parktsjerke Brassband Festival. Op 1 febrewaris 1992 hawwe technikus Fred Steusel en muzykregisseur Piebe Bakker opnamen makke fan dit festival. Hjoed de opnamen fan brassband Excelsior Driezum/Wâlterswâld ûnder lieding fan Hille van Hijum en fan brassband 'Nije Bazuin' fan Britsum ûnder lieding fan Bert Liefers.

    De Nederlânske Brassband Kampioenskippen 2011 ha wy al in soad fan hearre kinnen, ferline wike it ferplichte wurk fan de 3e divyzje. Yn dizze útstjoering de bydrage fan brassband 'Ere zij God' fan Damwâld ûnder lieding fan Gerben Huizinga.

    Fanfare 'Excelsior' fan Skearnegoutum spilet ûnder lieding fan Tjeerd Barkmijer:
    Shenandoah - Leonard Ballantine - arr. Marten van der Wal
    The Fever Tree - Rob Goorhuis
    Grounds - Jacob de Haan

    Brassband 'Excelsior' fan Driezum/Wâlterswâld spilet ûnder lieding fan Hille van Hijum:
    Leningrad - Joel
    Wishing you were somehow here again - Lloyd Webber

    Brassband 'Nije Bazuin' fan Britsum spilet ûnder lieding fan Bert Liefers:
    Koraal - traditional
    La Storia - Jacob de Haan

    Brassband 'Ere zij God' fan Damwâld spilet ûnder lieding fan Gerben Huizinga:
    Evolution ( Five States of Change ) - Philip Sparke

    Brassband "It Heideblomke" fan De Harkema spilet ûnder lieding fan Leffert Nicolai:
    The Winter's Tale - Billy Joel

    Muzyk Maskelyn fan 24 juny 2012

    Muzyk Maskelyn

    Muzyk Maskelyn

    Snein 22 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Muzyk Maskelyn. Jo kinne allinnich noch hafabramuzyk beharkje op it koperkanaal fm. Sneintemoarn fan 06.00 oant 08.00 oere. http://www.omropfryslan.nl/programma/koperkanaal-fm
    (advertinsje)