Muzyk Maskelyn fan 21 july 2013

Hjoed yn de útstjoering fan Muzyk Maskelyn om 18.00 oere op Omrop Fryslân radio it optreden fan de 'Provinsjale Brassband Grins' op it Euro Brass Drachten festival 2013. De 12e edysje fan dit ynternasjonale festival waard hâlden op freed 7 juny en sneon 8 juny 2013 yn skouboarch De Lawei fan Drachten.
De brassband út Grins spile ûnder lieding fan dirigint Anno Appelo yn de A-groep (kampioensdivyzje ) freeds twa wurken en sneons fiif wurken en yn Muzyk Maskelyn litte wy it hiele optreden hearre. De band behelle mei it optreden it fjirde plak en krige fan de sjuery it heechst oantal punten foar de spile mars.

Hjoed ek omtinken foar de tredde edysje fan de Iepen Nederlânske Fanfare Kampioenskippen begin april holden yn de Drachtster Lawei. Alle fiif kampioenen hawwe wy yn de útstjoering fan snein 7 april al hearre kind. Yn dizze útstjoering de prestaasje fan 'MV Harmonie Slikkerveer'' út Ridderkerk ûnder lieding fan dirigint Jurgen Nab. We hearre it ferplichte wurk fan de 2e divyzje, de opname is makke troch de technisy Aise van Beets en Joop Scholten en muzykregisseur Jan Ottevanger op sneon 6 april. Mei 85 punten behelle dizze fanfare it 2e plak.

En dan it konsertkonkoers fan 10 novimber ferline jier yn de Drachster Lawei. Wy ha de opnamen fan alle orkesten al útstjoerd útsein harmony 'Excelsior' fan Winterswyk. It orkest kaam út yn de 1e divyzje en spile ûnder lieding fan Bert Roerdinkholder, oant sân oere hearre wy noch de mars 'O Vitinho' skreaun troch Francisco Marques Neto.

De 'PBG' út Grins spilet ûnder lieding fan Anno Appelo:
Skyrider - Philip Sparke
Variations on an Enigma - Philip Sparke
Match-Rhythm - Jan Bosveld
18th Variations on a theme by Paganini - Sergei Rachmaninov / arr. Harvey
Chameleon - Maurice Hamers
'Phoenix' from War of the Worlds - Peter Graham
Salt of the Earth - Andy Scott

Fanfare 'MV Harmonie Slikkerveer' út Ridderkerk spilet ûnder lieding fan Jurgen Nab:
The Essence of Youth - Stijn Roels

Harmony 'Excelsior' út Winterswijk spilet ûnder lieding fan Bert Roerdinkholder:
O Vitinho - Francisco Marques Neto

Gearstalling: Aise van Beets
http://www.koperkanaal.nl
https://twitter.com/AisevanBeets

Diel dit berjocht op:
Muzyk Maskelyn

Muzyk Maskelyn

Snein 22 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Muzyk Maskelyn. Jo kinne allinnich noch hafabramuzyk beharkje op it koperkanaal fm. Sneintemoarn fan 06.00 oant 08.00 oere. http://www.omropfryslan.nl/programma/koperkanaal-fm
(advertinsje)