Muzyk Maskelyn fan 19 maaie 2013

Hjoed spilet SC Hearrenfean yn de play-offs op 'e nij tsjin FC Utrecht, de wedstriid begjint om healwei fiven en troch it fuotbaljen begint Muzyk Maskelyn hjoed wat letter mar duorret dan ek wat langer as oars.

Op freed 10 maaie wie it saksofoankwartet Saks4 te gast by Willem de Vries yn it radioprogramma Noardewyn. Wilens in toernee yn 2009 fan it Frysk Fanfare Orkest yn Amearika besluten fjouwer saksofonisten dat sy mear woenen as inkeld spylje yn in orkest en sy formearden in saksofoanorkest. Earst ûnder de namme ‘Ferdivedaasje’ en sûnt 2012 as ‘SAKS’.
It kwartet hat de ôfrûne jierren konserten jûn, ûnder mear mei ferskate orkesten en ek muzyk by resepjes fersoarge. It saksofoankwartet hat ek meiwurke oan ferskate opnamen en op freed 10 maaie dus oan de radio útstjoering Noardewyn.

SAKS bestiet út de folgjende fjouwer leden:
Miriam Stoffelsma op sopraansaksofoan
Sietske Trinks op altsaksofoan
Douwe de Graaf op tenorsaksofoan
Miriam Kouwenhoven op baritonsaksofoan ( by dizze opname bespilet Marrich Noordmans de baritonsaks )

Op sneon 10 novimber ferline jier wiene wy te gast yn De Lawei yn Drachten by it konsertkonkoers organisearre troch it muzykbûn OMF.
OMF stiet foar 'Organisatie van muziekverenigingen in Fryslân'. Ferdield oer seis divyzjes hawwe fyftjin orkesten harren prestaasje oan de sjuery en publyk hearre litten. Brassband 'Gloria Deï' fan Gerkeskleaster-Strobos kaam út yn de 3e divyzje en spile trije wurken ûnder lieding fan dirigint Piet van der Heide. Wy ha de opnamen!

Hjoed ek yn Muzyk Maskelyn it optreden fan brassband 'Oefening en Uitspanning' fan Wijk en Aalburg op it Euro Brass Drachten festival 2012. De 11e edysje fan dit ynternasjonale festival waard hâlden op freed 8 juny en sneon 9 juny 2012 yn skouboarch De Lawei fan Drachten.
Brassband 'Oefening en Uitspanning' út Wijk en Aalburg spile ûnder lieding fan dirigint Anno Appelo yn de B-groep fjouwer wurken en yn Muzyk Maskelyn litte wy de opnamen hearre.

Hjoed ek op 'e nij omtinken foar de tredde edysje fan de Iepen Nederlânske Fanfare Kampioenskippen begin april holden yn de Drachtster Lawei. Alle fiif kampioenen hawwe wy yn de útstjoering fan snein 7 april al hearre kind. Yn dizze útstjoering in prestaasje út de 5e divyzje en dy komt foar rekken fan fanfare 'Crescendo' út Hijum-Feinsum ûnder lieding fan dirigint Wim Dijkstra. We hearre it ferplichte wurk fan de 5e divyzje, de opname is makke troch technikus Aise van Beets en muzykregisseur Jan Ottevanger op freed 5 april. Mei 85 punten behelle dizze fanfare it 4e plak. Fanfare 'Halleluja' fan Burgum kaam út yn de 3e divyzje, ûnder lieding fan dirigint Johannes Weening behelle dizze fanfare 82 punten en dêrmei it 6e plak. Yn dizze útstjoering litte wy ek dizze opname hearre!

Fierders omtinken foar de Nederlânske Brassband Kampioenskippen dy holden waarden yn desimber ferline jier yn de Martiniplaza fan Grins. Ek dêr fan hawwe wy de opnamen fan alle kampioenen fan alle divyzjes al hearre kind, hjoed de prestaasje fan brassband 'De Bazuin' út Oentsjerk. Dizze brassband behelle ûnder lieding fan dirigint Klaas van der Woude yn de kampioensdivyzje 87 punten en dat wie goed foar it 7e plak.

It kwartet SAKS spilet:

1. Jean Françaix - Gaguenardise
2. Claude Debussy - Golliwog's cakewalk (út suite 'Children's corner)
3. Astor Piazzolla - Night Club 1960 (út Histoire du tango)

Brassband 'Gloria Deï' út Gerkeskleaster-Strobos spilet ûnder lieding fan Piet van der Heide:
Song of Praise - Jacob de Haan
Symphonic Contrasts - Etienne Craussaz
Angel of the North - Richard Grantham

Brassband 'Oefening en Uitspanning' út Wijk en Aalburg spilet ûnder lieding fan Anno Appelo:
Prelude for an Occasion - Edward Gregson
David of the White Rock - Welsh traditional melody / arr. Philip Sparke
Trumpet Call - Kenneth Downie / kornetsolist: Wim van Loon
Blitz - Derek Bourgeois

Fanfare 'Crescendo' út Hijum-Feinsum spilet ûnder lieding fan Wim Dijkstra:
Country Scenes - Hans Aerts

Fanfare 'Halleluja' út Burgum spilet ûnder lieding fan Johannes Weening:
Lydense - Rob Goorhuis

Brassband 'De Bazuin' út Oentsjerk spilet ûnder lieding fan Klaas van der Woude:
Electra - Martin Ellerby

Gearstalling: Aise van Beets
https://twitter.com/AisevanBeets
http://www.koperkanaal.nl

Muzyk Maskelyn fan 19 maaie 2013

Diel dit berjocht op:
Muzyk Maskelyn

Muzyk Maskelyn

Snein 22 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Muzyk Maskelyn. Jo kinne allinnich noch hafabramuzyk beharkje op it koperkanaal fm. Sneintemoarn fan 06.00 oant 08.00 oere. http://www.omropfryslan.nl/programma/koperkanaal-fm
(advertinsje)