Muzyk Maskelyn fan 17 juny 2012

Snein 17 juny yn Muzyk Maskelyn opnamen fan it konsertkonkoers organisearre troch it muzykbûn OMF hâlden op 3 maart yn De Lawei fan Drachten de bydrage fan fanfare "Concordia" fan De Gaastmar. De fanfare spilet ûnder lieding fan dirigint Gosse Reyenga trije stikken.

 
Fan de Nederlânske Brassband Kampioenskippen 2011 de opname fan it ferplichte wurk yn de tredde divyzje: "Sinfonietta no.1" fan brassband "Blaast De Bazuin" fan Surhústerfean. De band spilet it wurk fan komponist Johan de Meij ûnder lieding fan Aline Schipper.

 
Ek yn Muzyk Maskelyn argyf opnamen út 1991 fan it jongereinkoar Eljakim ûnder lieding fan Goos Hoogeveen mei meiwurking fan de saksofoangroep fan muzykferiening Oranje fan Boalsert.
Technikus Bart Henni en muzykregisseur Piebe Bakker hawwe dizze opnamen makke op 12 desimber 1991 yn de Oranje Kapel yn Boalsert. It koar sjongt fiif wurken.

 
Jongereinkoar "Eljakim" fan Boalsert sjongt ûnder lieding fan Goos Hoogeveen:
Oh Peter go ring them bells - traditional
Deep River - traditional
Standing in the need of prayer -
Psalm 23 - Ralph Carmichael
The Commandments - Tom Parker / arr. Goos Hoogeveen

 
Fanfare "Concordia" fan de Gaastmar spilet ûnder lieding fan Gosse Reyenga:
Eternal Father, strong to save - arr. Jacob de Haan
Domus - Jan van der Roost
De Gaastmar - Carl Wittrock

 
Brassband "Blaast De Bazuin" fan Surhústerfean spilet ûnder lieding fan Aline Schipper:
Sinfonietta no.1 - Johan de Meij

 
Gearstalling: Aise van Beets

Muzyk Maskelyn fan 17 juny 2012

Share this page on:
Muzyk Maskelyn

Muzyk Maskelyn

Snein 22 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Muzyk Maskelyn. Jo kinne allinnich noch hafabramuzyk beharkje op it koperkanaal fm. Sneintemoarn fan 06.00 oant 08.00 oere. http://www.omropfryslan.nl/programma/koperkanaal-fm
(advertinsje)