Muzyk Maskelyn fan 16 septimber 2012

    Hjoed yn Muzyk Maskelyn om 18.00 oere op Omrop Fryslân radio it optreden fan brassband 'Bernlef' fan Noardburgum ûnder lieding fan Theun van Leijen op de 17e edysje fan it Gouden Spiker Festival. It festival waard hâlden yn multyfunksjoneel sintrum 'De Wier' yn Oerterp. De brassband spile op sneon 21 april fan dit jier lykas de oare bands yn de fjirde divyzje in koraal, in stik mei in solist, in ferplicht wurk en in mars.

    De Iepen Nederlânske Fanfare Kampioenskippen waarden dit jier hâlden op freed 27 en sneon 28 april yn de Lawei fan Drachten.
    Yn dizze útstjoering litte wy it ferplichte wurk hearre út de fjirde divyzje, útfierd troch fanfare 'Looft den Heer' fan Boarnburgum ûnder lieding fan Gatze Verbeek.

    Mei de 'Fryske Festival Fanfare' sjogge wy werom nei it Frysk Fanfare Festival fan 1988. It waard hâlden yn de Rinkelbom op It Hearrenfean en technikus Jan Stellingwerff en muzykregisseur Frits Bayens makke doe de opnamen fan dizze fanfare. Under lieding fan Tijmen Botma spilet dizze fanfare trije wurken.

    Op dizze edysje fan it Frysk Fanfare Festival wie d'r ek in optreden fan it 'Slagwerkenensemble' ûnder lieding fan Gerard van de Kolk en hjoed litte wy in opname hearre fan dit ensemble.

    Oan de ein fan it programma kinne wy noch hearre nei Brassband De Wâldsang fan Bûtenpost ûnder lieding fan Rieks van der Velde op Euro Brass 2012.

    Brassband 'Bernlef' fan Noardburgum spilet ûnder lieding fan Theun van Leijen:
    St. Peter - Keith Griffin
    Share my yoke - Ivor Bosanka
    Triptych - Oliver Waespi
    The Waltonian - Thomas Wyss

    Fanfare 'Looft den Heer' fan Boarnburgum spilet ûnder lieding fan Gatze Verbeek:
    Voyage to Victory - John Blanken

    De 'Fryske Festival Fanfare' spilet ûnder lieding fan Tijmen Botma:
    Prelude for an Occasion - Edward Gregson
    Byrd's Pavane - Schoonenbeek
    Tune it up - Haderman

    It 'Slagwerkensemble' spilet ûnder lieding fan Gerard van de Kolk:
    Uhuru - Frazeur

    Brassband 'De Wâldsang' fan Bûtenpost spilet ûnder lieding fan Rieks van der Velde:
    Lament - Peter Meechan

    Muzyk Maskelyn fan 16 septimber 2012

    Muzyk Maskelyn

    Muzyk Maskelyn

    Snein 22 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Muzyk Maskelyn. Jo kinne allinnich noch hafabramuzyk beharkje op it koperkanaal fm. Sneintemoarn fan 06.00 oant 08.00 oere. http://www.omropfryslan.nl/programma/koperkanaal-fm
    (advertinsje)