Muzyk Maskelyn fan 12 maaie 2013

Hjoed omtinken foar de tredde edysje fan de Iepen Nederlânske Fanfare Kampioenskippen in moanne lyn holden yn de Drachtster Lawei. Alle fiif kampioenen hawwe wy yn de útstjoering fan snein 7 april al hearre kind. Yn dizze útstjoering in Fryske prestaasje út de 4e divyzje en dy komt foar rekken fan fanfare Excelsior út Skearnegoutum ûnder lieding fan dirigint Tjeerd Barkmeijer. We hearre it ferplichte wurk fan de 4e divyzje, de opname is makke troch technikus Aise van Beets en muzykregisseur Jan Ottevanger op freed 5 april. Mei 85 punten behelle dizze fanfare it 3e plak.

Fierders omtinken foar de Nederlânske Brassband Kampioenskippen dy't holden waarden yn desimber ferline jier yn de Martini Plaza fan Grins. Ek dêr fan hawwe wy de opnamen fan alle kampioenen fan alle divyzjes al hearre kind, hjoed de prestaasje fan brassband Soli Deo Gloria fan Rinsumageast. Dizze brassband behelle ûnder lieding fan dirigint Gatse Hylkema yn de 4e divyzje 87 punten en dat wie goed foar it 3e plak.

Op sneon 10 novimber ferline jier wiene wy te gast yn De Lawei yn Drachten by it konsertkonkoers organisearre troch it muzykbûn OMF.
OMF stiet foar 'Organisatie van muziekverenigingen in Fryslân'. Ferdield oer 6 divyzjes hawwe 15 orkesten harren prestaasje oan de sjuery en publyk hearre litten. Fanfare 'Tida Kira' fan Mûntsjesyl-Lauwerssyl kaam út yn de 3e divyzje en spile trije wurken ûnder lieding fan dirigint Paulus de Jong. Wy ha de opnamen!

It muzykbûn OMF hie in nije ynfolling fan de jûn betocht en hie de winners fan it solistekonkoers 'De Klank fan Fryslân' útnoege. It Fries Jeugd Harmonie Orkest ûnder lieding fan Thijs Oud mocht de solist Karst van den Bosch begeliede. Dy opname litte wy hjoed ek hearre!

Fanfare Excelsior út Skearnegoutum spilet ûnder lieding fan Tjeerd Barkmeijer:
Dogon - Kevin Houben

Brassband Soli Deo Gloria út Rinsumageast spilet ûnder lieding fan Gatse Hylkema:
Parnassus - Jan Van der Roost

Fanfare 'Tida Kira' út Mûntsjesyl-Lauwerssyl spilet ûnder lieding fan Paulus de Jong:
Lux Aurumque - Eric Whitacre / arr. Wouter van der Wal
Pierus Magnus - Jan de Haan
Toccata Festiva - Jan Van der Roost

Gearstalling: Aise van Beets
https://twitter.com/AisevanBeets
http://www.koperkanaal.nl

Muzyk Maskelyn fan 12 maaie 2013

Share this page on:
Muzyk Maskelyn

Muzyk Maskelyn

Snein 22 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Muzyk Maskelyn. Jo kinne allinnich noch hafabramuzyk beharkje op it koperkanaal fm. Sneintemoarn fan 06.00 oant 08.00 oere. http://www.omropfryslan.nl/programma/koperkanaal-fm
(advertinsje)