Muzyk Maskelyn fan 10 maart 2013

Op sneon 2 maart wiene wy te gast yn De Lawei fan Drachten by it konsertkonkoers organisearre troch it muzykbûn OMF.
OMF stiet foar 'Organisatie van muziekverenigingen in Fryslân'. Brassband Excelsior fan Ferwert behelle ûnder lieding fan Herman Sibma de measte punten en wy ha de opnamen! Der wie ek wer in priis foar it orkest mei de measte punten op it koraal.
Yn de 1e, 2e en 3e divyzje behelle de Grifformearde Brassband fan Grins ûnder lieding fan Jan Werkman de measte punten op it koraal en gong mei de priis nei hûs. Oan de ein fan de útstjoering litte wy de útfiering fan it winnende ynspylwurk hearre fan dizze brassband. De opnamen yn de Lawei binne makke troch muzykregisseur Frederik Kampstra en de technisy Dolf Tannemaat, Joop Scholten en Wessel de Koning.

Op 29 septimber 1989 ha we opnamen makke fan de kantorij Surhústerfean yn de herfoarme tsjerke fan Menaam. De kantorij stie doe ûnder lieding fan Grietsje Dam-Riemersma en de opnamen binne makke troch technikus Bart Henni en muzykregisseur Piebe Bakker. Ferline jier fierde de kantorij harren 25-jierrich jubileum mei it Jeugdsymfony Orkest 'De Vuurvogel' út Swol ûnder lieding fan soan Albert Dam. In protte muzyk wurdt komponeard troch Geert van der Heide en gauris begeliedt hy de kantorij op it oargel. De kantorij wurdt geregeld ynsetten as liturgysk ûnderdiel fan tsjerketsjinsten lykas kommende 'witte donderdag' en 'stille zaterdag'.

Brassband 'Excelsior' fan Ferwert spilet ûnder lieding fan Herman Sibma:
In Perfect Peace - Kenneth Downie
Penlee - Simon Dobson
Cross Patonce - Goff Richards

Kantorij Surhústerfean sjongt ûnder lieding fan Grietsje Dam-Riemersma:
Liet 39: Vrees niet, gij land, verheug en wees blij ( wize psalm 101 ) - bew. Claude Goudimel
Psalm 87 - bew. R. Crassot
Missa Super Dixit Maria - Hans Leo Hassler
Kyrië, Gloria, Sanctus, Benedictus, Agnus Dei
Liet 7: Het woord dat U ten leven riep ( wize psalm 113 ) - Claude Goudimel
Psalm 141 - bew. Claude Goudimel

De Grifformearde Brassband fan Grins spilet ûnder lieding fan Jan Werkman:
The Day Thou Gavest - Clement C. Scholefield / arr. Philip Wilby

Brassband Soli Deo Gloria fan De Tike spilet ûnder lieding fan Guus Tomey:
Crimond - Jessie Seymour

Gearstalling: Aise van Beets
https://twitter.com/AisevanBeets
http://www.koperkanaal.nl

OMF konsertkonkoers 2 maart yn De Lawei fan Drachten, de útslach:

4e Divysje:

1. Brassband Soli Deo Gloria De Tike 31 leden Dirigint Guus Tomey
Crimond - Jessie Seymour 82,67
1. Night before battle - Dean Jones 85
2. Arkansas - Jacob de Haan 81,83

2. Fanfare Melodia Wikel 34 leden Dirigint Jeanette Valkema
Hymn of Consolation - Menno Haantjes 79,33
1. Clouds - Eric Swiggers 79
2. Trimbeka - Carl Wittrock 81

3. Brassband Ere zij God Damwâld 36 leden Dirigint Gerben Huizinga
Lord thou art questioning - Trevor Davis 79,67
1. La Viuda Negra - Carl Wittrock 79
2. Patterns - Edward Gregson 77,83

4. Fanfare De Bazuin Stiensgea 45 leden Dirigint Jaap Musschenga
Liet 280 - Jitze Nicolai 83,67
1. Domus - Jan van der Roost 84
2. Atropos - Kevin Houben 86,33

5. Brassband Advendo Boerum 31 leden Dirigint Walke Hofstee
Deep Harmony - H.Parker, arr. Menno Haantjes 80,33
1. La Viuda Negra - Carl Wittrock 79
2. Inspiration - Jan de Haan 81,33

6. Brassband Concordia Wânswert 30 leden Dirigint Gouke Gerben Wielenga
The Lord bless you and keep you - John Rutter arr.Klaas van der Woude 78,33
1. La Viuda Negra - Carl Wittrock 79
2. Cry of the Falcon - Kevin Houben 82

3e Divysje

7. Fanfare Burdine Sint Anne 42 leden Dirigint Pieter Bosma
Nr.127 uit 20 koraalbewerkingen - Sierd de Boer 82
1. Three Caprices for Band - Henk van Lijnschoten 83,17
2. Atropos - Kevin Houben 82,17

8. Fanfare Crescendo Heech 51 leden Dirigint Meine Verbeek
Liet 178 Lieteboek f.d. Tsjerken 83
1. ’t Ministerie van Fanfare - Jacob de Haan 83,50
2. Music for a Solemnity - Jan de Haan 82,83

9. Griff. Brassband Grins 29 leden Dirigint Jan Werkman
The Day Thou Gavest - C.C.Scholefield, arr.Philip Wilby 87,67
1. Arkansas - Jacob de Haan 85,17
2. Angel of the North - Richard Grantham 86,83

10. Fanfare Hâld Moed Easthim 33 leden Dirigint Siemen Hoekstra
Crimond no.13 uit 120 Hymns 84,33
1. Pierius Magnus - Jan de Haan 86,67
2. Atropos - Kevin Houben 85,67

2e Divysje

11. Brassband Excelsior Ferwert 31 leden Dirigint Herman Sibma
In Perfect Peace - Kenneth Downie 87,33
1. Penlee - Simon Dobson 87
2. Cross Patonce - Goff Richards 90,17

1e Divysje

12. Fanfare Concordia Middelstum 55 leden Dirigint Siemen Hoekstra
Innocents no.39 uit 120 Hymns 86
1. Between the two Rivers - Philip Sparke 80,67
2. Bellum et Pax - Stijn Roels 81,83

13. Harmonie Euphonia Wommels 60 leden Dirigint Rolf Verbeek
Liet 178 81,33
1. Sidus - Thomas Doss 78,17
2. Armenian Dances (Part 1) - Alfred Reed 79

14. Brassband Pro Rege It Hearrenfean 30 leden Dirigint Siemen Hoekstra
‘I Know Thou Art Mine’ - Leonard Ballantine 84,33
1. Tallis Variations - Philip Sparke 85,83
2. Coventry Variations - Bramwell Tovey 85,67

Muzyk Maskelyn fan 10 maart 2013

It optreden fan Excelsior op it konsertkonkoers

Diel dit berjocht op:
Muzyk Maskelyn

Muzyk Maskelyn

Snein 22 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Muzyk Maskelyn. Jo kinne allinnich noch hafabramuzyk beharkje op it koperkanaal fm. Sneintemoarn fan 06.00 oant 08.00 oere. http://www.omropfryslan.nl/programma/koperkanaal-fm
(advertinsje)