Muzyk Maskelyn fan 1 july 2012

Hjoed yn Muzyk Maskelyn opnamen út it argyf fan it 27e Parktsjerke Brassband Festival. Op 1 febrewaris 1992 hawwe technikus Fred Steusel en muzykregisseur Piebe Bakker opnames makke fan dit festival. Hjoed de opnamen fan brassband Heideblomke fan De Harkema ûnder lieding fan Leffert Nicolai. De brassband spilet yn dizze útstjoering twa wurken.

Nei de argyfopnamen ek materiaal fan maart dit jier. We hearre de bydrage fan de kristlike brassband Advendo fan Aldskoat oan it konsertkonkoers, organisearre troch muzykbûn OMF. De brassband stiet ûnder lieding fan Martine Reyenga-Stilma en spilet trije wurken.

Op 1 en 2 april fan dit jier waarden yn skouboarch De Lawei fan Drachten de iepen Nederlânske Fanfare Kampioenskippen hâlden. It kampioenskip wie beide dagen te folgen fia omroplive.nl en dy opnamen sille wy de kommende tiid yn Muzyk Maskelyn hearre litte. Alle bydragen fan dit kampioenskip binne al in skoftke te beharkjen op ús ynternetstjoerder http://www.koperkanaal.nl.
Yn dizze útstjoering litte wy de bydrage hearre fan fanfare EMM ( Eendracht Maakt Macht ) fan Aldegea (SWF). Dit orkest kaam út yn de earste divyzje en spile it ferplichte wurk ûnder lieding fan Piet Groeneveld. Mei 88 punten helle it orkest it fjirde plak yn dizze divyzje.

In moanne letter fûn yn MFC De Wier yn Oerterp de 17e edysje fan it Gouden Spiker Festival plak. Yn de fjirde divyzje diene acht bands mei, de earste brassband dy't op it poadium kaam wie Soli Deo Gloria fan Rinsumageast. Dy spile ûnder lieding fan Gatse Hylkema fjouwer stikken, dêr't wy hjoed yn de útstjoering trije fan hearre litte.

Brassband It Heideblomke fan De Harkema spilet ûnder lieding fan Leffert Nicolai:
Army of the Nile - Alford
Melcombe - Gordon Jacob

Brassband Advendo fan Aldskoat spilet ûnder lieding fan Martine Reyenga-Stilma:
Regent sqare (nûmer 73 út it reade boekje 120 Hymns for Brassband)
Diogenes - Jacob de Haan
Convergents - Franco Cesarini

Fanfare Eendracht Maakt Macht fan Aldegea (SWF) spilet ûnder lieding fan Piet Groeneveld:
Spectrum of the Sky- Jan de Haan

Brassband Soli Deo Gloria fan Rinsumageast spilet ûnder lieding fan Gatse Hylkema:
Kingdom of God - Jerry B. Bensman
Colne - Thomas Rive
The Wooden Devils - Harm Evers / solist op ksylofoan: Anna de Vries

Muzyk Maskelyn fan 1 july 2012

Share this page on:
Muzyk Maskelyn

Muzyk Maskelyn

Snein 22 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Muzyk Maskelyn. Jo kinne allinnich noch hafabramuzyk beharkje op it koperkanaal fm. Sneintemoarn fan 06.00 oant 08.00 oere. http://www.omropfryslan.nl/programma/koperkanaal-fm
(advertinsje)