MUSE fan 28 juny 2013

Miranda jout de keunsters in opdracht dêr't sy yn dizze ôflevering mei oan de slach moatte. De kandidaten wurkje de opdracht út yn har eigen wurkplak, atelier of thús. Miranda siket harren op om te sjen hoe’t it giet. Baukje Schaafsma hellet dêrby lûdsopnamen út de kast fan harsels as lyts famke. En kok Sjoerd-Jan Edelenbos sil diskear mei mear komme moatte as in spesjale presintaasje fan iten, mar oft hy it dêr mei iens is? Twa boeiende gasten, keunstners Caro Kroon en Martin Winters (ûnder oaren bekend fan it skip fan papier-masjee), binne yn dizze perioade it beaken dêr't dielnimmers de help fan ynroppe kinne.

Fan 18:30 oant 19:00 oere op Omrop Fryslân Televyzje (werhelling de hiele jûn alle oeren).

Dit programma waard earder útstjoerd yn foarjier 2013

Diel dit berjocht op:

MUSE

MUSE wurdt freeds útstjoerd om 18.30 oere mei Miranda Werkman as presintatrise. Yn it programma krije de kandidaten wikseljende opdrachten, dy’t altyd wat te krijen hawwe mei Fryslân as ynspiraasjeboarne. De sjoggers bepale mei in sjuery fan keunstkenners wa’t yn oanmerking komt foar de haadpriis: in eksposysje yn it Fries Museum. Yn it televyzjeprogramma wurdt einlings ris yn gewoane taal oer hjoeddeiske keunst praten. Wat fine de eksperts goede keunst en wêrom?
(advertinsje)