MUSE fan 23 augustus 2013

Hielendal allinnich hawwe sy it dwaan moatten: in selsportret meitsje en in wurk dat harren blik op de wrâld ferbyldet. De fiif kandidaten hawwe gjin help hân fan oaren. De striid falt harren hieltyd swierder. De twifel slacht ta. Boppedat fielt Petra har kwetsber ûnder it each fan de televyzjekamera's.
Wa giet troch nei de finale? Der binne trije plakken te ferdielen, mar de sjuery is net bot te sprekken oer it wurk fan de kandidaten... Twa dielnimmers moatte nei hjoed nei hús, de oare trije bliuwe by ús.
Fan 18:30 oant 19:00 oere op Omrop Fryslân Televyzje (werhelling de hiele jûn alle oeren).

Share this page on:

MUSE

MUSE wurdt freeds útstjoerd om 18.30 oere mei Miranda Werkman as presintatrise. Yn it programma krije de kandidaten wikseljende opdrachten, dy’t altyd wat te krijen hawwe mei Fryslân as ynspiraasjeboarne. De sjoggers bepale mei in sjuery fan keunstkenners wa’t yn oanmerking komt foar de haadpriis: in eksposysje yn it Fries Museum. Yn it televyzjeprogramma wurdt einlings ris yn gewoane taal oer hjoeddeiske keunst praten. Wat fine de eksperts goede keunst en wêrom?
(advertinsje)