MUSE fan 21 juny 2013

Foar dizze twadde ôflevering is ien fan de sealen yn it Fries Museum omtsjoend ta in gigantysk atelier. De 20 oerbleaune dielnimmers krije in spannende en útdaagjende opdracht dy't sy yn koarte tiid folbringe moatte. Bloed, swit en triennen binne it gefolch, mar ek moaie resultaten. Miranda folget de ûntwikkelings op ‘e foet. Foar guon dielnimmers is it in drege put. Fotografen fiele harren opsletten tusken de noch wite muorren yn it nije museum, in lânskipsskilder mist it wichtichste elemint fan syn ynspiraasje en foar in byldhouwer tikje de wizers fan de klok wol hiel rap... De dielnimmers hearre fuortdalik fan de sjuery hokker tsien keunstners yn de race bliuwe foar de haadpriis: in eksposysje yn it Fries Museum!

Fan 18:30 oant 19:00 oere op Omrop Fryslân Televyzje (werhelling de hiele jûn alle oeren).

Dit programma waard earder útstjoerd yn foarjier 2013

Diel dit berjocht op:

MUSE

MUSE wurdt freeds útstjoerd om 18.30 oere mei Miranda Werkman as presintatrise. Yn it programma krije de kandidaten wikseljende opdrachten, dy’t altyd wat te krijen hawwe mei Fryslân as ynspiraasjeboarne. De sjoggers bepale mei in sjuery fan keunstkenners wa’t yn oanmerking komt foar de haadpriis: in eksposysje yn it Fries Museum. Yn it televyzjeprogramma wurdt einlings ris yn gewoane taal oer hjoeddeiske keunst praten. Wat fine de eksperts goede keunst en wêrom?
(advertinsje)