Moreel kompas fan 12 july 2012

Jantien de Boer is sjoernalist by de Leeuwarder Courant. Plysje en justysje binne har spesjalismen. Mar de lêzers kenne har fral fan har pittige en persoanlike kollum yn de sneon en snein bijlage.

Se skriuwt in protte oer yllegale frouljushannel en falende wetjouwing rûn de prostitúsje. "Nette oplossingen van nette minsken achter nette buro's die de illegaliteit juist in de kaart spelen." Razend, kin se der oer wurde. En dêrom bliuwt se der ek oer berjochtsjen. Want we moatte it witte, ús net omdraaie foar de realiteit fan de rosse buert. Om fiele te litten wêr it oer giet nimt se ús mei nei in bordeel op de Weaze.(Dêr't de saken trouwens wol goed regele binne)

Net opsjen fan it frjemde, it oare, it rûge en dat ûndersykje wolle, dat krige se miskien wol mei út har jeugd yn Frjentsjer. De psychiatryske pasjinten fan Grut Lankum wiene foar har fertroude figueren. Ferliezers binne har leaver as winners. Dwers, dat is se ek. En feministysk. En dochs ek wer myld yn har blik op de minskheid. "Is de minsk slecht? Yn elts gefal ûnhandich. We dogge domme dingen."

Diel dit berjocht op:

Moreel kompas

In simmerprogramma mei ien op ien petearen.
(advertinsje)