Moaiste fan Fryslân fan 5 oktober 2017 18:45

    De fiifde ôflevering fan It Moaiste fan Fryslân giet oer de Noorderhaven yn Harns. De stêd wie eartiids in wichtich hannelssintrum oan see mei de Noorderhaven yn in promininte rol. Harns telt mear as 600 monuminten, de Noorderhaven is as gehiel ryksmonumint en beskerme stedsgesicht. Stedsgids Wietze Visser nimt ús mei lâns de moaiste plakjes, ûnder oaren nei it stedhûs mei syn fraaie gevel mei it fergulde byld fan Michaël, de beskermhillige fan Harns. Ek sjogge wy yn in moai wenhûs út de 18e iuw oan de Noorderhaven, dat koartlyn hielendal restaurearre is troch in Switserske arsjitekt foar wa't Harns syn twadde wenplak wurden is.

    Sjoch nei de tuskenstân en stim op dyn favoryt út de top 10 op www.itmoaistefan.frl

    It moaiste fan Fryslân

    Omrop Fryslân stjoerde yn 'e hjerst fan 2017 tsien wiken in telefyzjesearje út oer de tsien finalisten fan de ferkiezing 'It moaiste fan Fryslân'. De kommende wiken wurdt dizze searje op tongersdei werhelle.
    (advertinsje)