Moaiste fan Fryslân fan 28 septimber 2017 18:45

    Park Vijversburg, yn de folksmûle better bekend as It bosk fan Ypey, stiet sintraal yn de fjirde ôflevering fan It Moaiste fan Fryslân. Ea wie Vijversburg it bûten fan de famylje Looxma Ypey. Mar de measte minsken kenne it fan de útstapkes op sneintemiddei. De lêste jierren is it park 15 hektare útwreide mei bysûndere lânskippen en landscape-art. Ek is der in futuristysk paviljoen bykommen foar lytsskalige teäterfoarstellingen en eksposysjes.

    Sjoch nei de tuskenstân en stim op dyn favoryt út de top 10 op www.itmoaistefan.frl

    It moaiste fan Fryslân

    Omrop Fryslân stjoerde yn 'e hjerst fan 2017 tsien wiken in telefyzjesearje út oer de tsien finalisten fan de ferkiezing 'It moaiste fan Fryslân'. De kommende wiken wurdt dizze searje op tongersdei werhelle.
    (advertinsje)