Wetterpoarte fan Snits
Yn dizze ôflevering stiet de skynwerper op ien fan de grutste Fryske ikoanen: de Wetterpoarte fan Snits. Oeral yn de wrâld dûkt de Wetterpoarte op, op sûvenirs, yn stikkerfoarm op de bumper fan auto’s of yn replika’s yn Madurodam, Japan en Sina. Wêrom sprekt de Wetterpoarte sa ta de ferbylding en wêrom is de Snitser der sa grutsk op?
Mei stedsgids Wietse van Houten en direkteur Meindert Seffinga fan it Frysk Skipfeartmuseum besykje wy it geheim fan de poarte te analysearjen.
Sjoch nei de tuskenstân en stim op dyn favoryt út de top 10 op www.itmoaistefan.frl