Moaiste fan Fryslân fan 19 oktober 2017 18:45

    Al 400 jier dominearret it stedshûs de histoaryske binnenstêd fan Boalsert. Troch kenners wurdt it gebou beskôge as it hichtepunt fan it Frysk maniërisme, in boustyl út de 17e iuw, ynspirearre op de lette Renaissance. It stedhûs waard yn amper trije jier boud, in prestaasje fan formaat at je sjogge nei de ryk fersierde gevel en de omfang fan it gebou.

    Ien fan de ûntwerpers en bouwers wie Jacob Gysbert, de heit fan Fryslâns bekendste dichter Gysbert Japicx. Jacob Gysbert wie timmerman yn Boalsert. Fan syn hân binne noch prachtige houtsnijwurken yn de riedseal fan it stedhûs te sjen.

    Sjoch nei de tuskenstân en stim op dyn favoryt út de top 10 op www.itmoaistefan.frl

    It moaiste fan Fryslân

    Omrop Fryslân stjoerde yn 'e hjerst fan 2017 tsien wiken in telefyzjesearje út oer de tsien finalisten fan de ferkiezing 'It moaiste fan Fryslân'. De kommende wiken wurdt dizze searje op tongersdei werhelle.
    (advertinsje)