Moaiste fan Fryslân fan 14 septimber 2017 18:45

    De sintrale apoteek op ‘e Foarstreek yn Ljouwert is in bysûnder gebou, dat by in soad Friezen bekend is. De sintrale apoteek is stêdsboukundich ien fan de arsjitektoanyske topstikken fan Ljouwert. It Jugendstil-gebou is in ryksmonumint en opnommen yn de kuierrûte fan bysûndere Ljouwerter gebouwen. Apoteker Sake Tijsma is sûnt 1854 de fiifde apoteker op rige op dit plak. In prachtich wurkplak, sa seit er. Tijsma fûn syn apoteek sa bysûnder dat hy stedsdichter Arjan Hut opdracht joech om in gedicht oer de sintrale apoteek te skriuwen.

    Sjoch nei de tuskenstân en stim op dyn favoryt út de top 10 op www.itmoaistefan.frl

    It moaiste fan Fryslân

    Omrop Fryslân stjoerde yn 'e hjerst fan 2017 tsien wiken in telefyzjesearje út oer de tsien finalisten fan de ferkiezing 'It moaiste fan Fryslân'. De kommende wiken wurdt dizze searje op tongersdei werhelle.
    (advertinsje)