Moaiste fan Fryslân fan 12 oktober 2017 18:45

    Yn dizze ôflevering fan It Moaiste fan Fryslân stiet de kliffekust fan Gaasterlân sintraal. Yn de iistiid - 150.000 jier ferlyn - hawwe gletsjers út it fiere noarden it gloaiende lânskip fan Gaasterlân foarme. Doe't it iis smolten wie, die de see syn wurk. By stoarmen hapte rûge golven stikken út de heuvels lâns de kust. En sa ûntstiene de kliffen fan Gaasterlân: steile kusten fan somtiden wol tolve meter heech. De kliffekust hat in rike histoarje: alle jierren wurdt op it Reaklif de Slach fan Warns yn 1354 betocht. Yn dat jier fersloegen de Friezen de legers fan de Hollânske graaf Willem IV, dy't Fryslân feroverje woe.

    Oardel iuw ferlyn wie it Reaklif in toeristyske top attraksje foar de elite út Amsterdam, dy't mei de boat en de postkoets nei Gaasterlân lutsen. Mar ek de skûtsjeskippers Age en Sieb Bandstra tinke mei waarme oantinkens werom oan harren jeugd by it Reaklif. Yn winters mei in soad snie makken se fan it klif in skyhelling kompleet mei skylift, dêr't it swart fan de minsken seach.

    Sjoch nei de tuskenstân en stim op dyn favoryt út de top 10 op www.itmoaistefan.frl

    It moaiste fan Fryslân

    Omrop Fryslân stjoerde yn 'e hjerst fan 2017 tsien wiken in telefyzjesearje út oer de tsien finalisten fan de ferkiezing 'It moaiste fan Fryslân'. De kommende wiken wurdt dizze searje op tongersdei werhelle.
    (advertinsje)