Moai Fryslân fan 5 april 2014 17:00

Moai Fryslân: Enerzjy

Yn dizze ôflevering stiet enerzjy sintraal. Fryslân stiet der fol mei: wynmûnen. En dat sille der noch mear wurde yn de takomst, want de provinsje hat grutte ambysjes as it giet om griene stroom. Mar net allinnich wynmûnen, ek sinnepanielen sille in stimpel op it lânskip drukke. En dy ûntwikkelingen geane hurder, as dat wy tinke.

Diel dit berjocht op:
Moai Fryslân

Moai Fryslân

De moaiste provinsje fan Nederlân. Sa wurdt Fryslân neamd. It makket ús grutsk. Mar hoe geane wy yn de werklikheid mei ús lânskip om. En hokker ynfloed hawwe wy as boarger op de ynrjochting fan dat lânskip. Yn Moai Fryslân bringt Omrop Fryslân yn gearwurking mei Lânskipsbehear Fryslân en de Fryske Miljeufederaasje yn kaart hoe’t wy Fryslân yn al syn ferskaat ynrjochte hawwe.
(advertinsje)