Moai Fryslân fan 22 maart 2014 17:00

    Moai Fryslân: Ynfrastruktuer

    Wie eartiids alles yn ’e omkriten; wurk, freonen en de boadskippen. Hjoed-de-dei reizgje wy folle mear. Meastentiids dogge we dat mei de auto. Dêrom wurde der nije en gruttere diken oanlein. De kommende jierren binne dat yn Fryslân: De Heak om Ljouwert, de Sintrale As en de dyk tusken Drachten en de grins fan Drinte. Dat sil foar grutte feroarings yn ús lânskip soargje. Yn de twadde ôflevering fan ‘Moai Fryslân’ stiet ynfrastruktuer sintraal.

    Moai Fryslân

    Moai Fryslân

    De moaiste provinsje fan Nederlân. Sa wurdt Fryslân neamd. It makket ús grutsk. Mar hoe geane wy yn de werklikheid mei ús lânskip om. En hokker ynfloed hawwe wy as boarger op de ynrjochting fan dat lânskip. Yn Moai Fryslân bringt Omrop Fryslân yn gearwurking mei Lânskipsbehear Fryslân en de Fryske Miljeufederaasje yn kaart hoe’t wy Fryslân yn al syn ferskaat ynrjochte hawwe.
    (advertinsje)