Moai Fryslân fan 19 april 2014 17:00

Moai Fryslân: Rekreaasje

Yn dizze lêste ôflevering fan Moai Fryslân reizgje wy ôf nei it Fryske Marregebiet, it hert fan de toeristyske sektor fan Fryslân. We sjogge yn Heech, Wâldsein, Harns en Earnewâld wat dêr bard is yn it ramt fan it Fryske Marreprojekt. En it kuierjen op it Waad. In nij projekt foar de fyftich plusser.

Share this page on:
Moai Fryslân

Moai Fryslân

De moaiste provinsje fan Nederlân. Sa wurdt Fryslân neamd. It makket ús grutsk. Mar hoe geane wy yn de werklikheid mei ús lânskip om. En hokker ynfloed hawwe wy as boarger op de ynrjochting fan dat lânskip. Yn Moai Fryslân bringt Omrop Fryslân yn gearwurking mei Lânskipsbehear Fryslân en de Fryske Miljeufederaasje yn kaart hoe’t wy Fryslân yn al syn ferskaat ynrjochte hawwe.
(advertinsje)