Minsken fan 3 july 2012

Nijkommers yn Fryslân

Los fan de reguliere asyloanfragen lit ús regear elts jier in pear hûndert minsken nei Nederlân komme. Harren situaasje yn eigen lân is sa skrinend, dat de UNHCR en de IND der hielendal gjin muoite mei hawwe om se te finen en te selektearjen. Om't Fryslân in bytsje achter rûn mei de húsfesting fan dizze minsken, komme der dit jier wat mear as oars. It ferskil mei de gewoane asylsikers is wol dat dizze minsken net stadichoan akklimatisearje kinne yn asylsikerssintra. Sy wurde fuortendaliks yn it djippe smiten: in oar klimaat, oare gewoanten, in nij hûs, in oare taal, neam mar op. Fral de earste wiken nei harren komst moatte sy dan ek yntinsyf begelaat wurde. Omrop Fryslân folge inkele fan dizze nijkommers, Etiopiërs, en harren begelieders yn de earste wiken fan harren ferbliuw yn Snits. It begjin fan in nij libben. Want it is hast wol wis dat se nea wer nei Etiopië werom gean sille.

Dit programma waard earder útsjoerd op tiisdei 17 jannewaris 2012.

Diel dit berjocht op:
Minsken

Minsken

Minsken is in rige portretten oer Friezen mei in bysûndere passy, libbenswize of karriêre, dy’t harren dêrfoar ynsette. It binne gjin bekende Friezen, mar gewoane minsken dy'tst alle dagen tsjinkomme kinst, mar dy’t dochs in hiel bysûnder libben hawwe.
(advertinsje)