Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018

Ljouwert wurdt yn 2018 Europeeske Kulturele Haadstêd. Dat hat de sjuery op freed 6 septimber bekend makke yn Amsterdam. Dêrmei lit Ljouwert konkurrinten Eindhoven en Maastricht achter him. Op it Gouverneursplein yn it sintrum fan Ljouwert wie de útslach live te sjen op in grut skerm. Nei de útslach bruts feestfreugde út op it plein.

Omrop Fryslân stjoerde de útslach streekrjocht út, mei bydrages fanút Ljouwert en Amsterdam.

Diel dit berjocht op:
Ljouwert Kulturele Haadstêd fan Europa 2018

Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018

Ljouwert is yn 2018 Kulturele Haadstêd fan Europa, tegearre mei Valletta op Malta. Yn dit jier lit de stêd har fan har bêste kant sjen mei in grut skala oan kulturele aktiviteiten. Ljouwert waard keazen nei in lange en offisjele proseduere en wûn it sa fan de oare gadingmakkers Maastricht en Eindhoven. De ynternasjonale sjuery makke de beneaming bekend op freed 6 septimber yn Amsterdam.
(advertinsje)