LIET fan 3 april 2021

Sneon 3 april is de finale fan LIET 2020+1 yn poppoadium Neushoorn. De finale is live te folgen fan 19.30 oere ôf.

De finalisten binne Janneke de Boer, Fegebart, Douwe Dykstra, MOSKEN, Bokke en de Heidehippers, BANT, Volk!! en Sample Text. Dêrnjonken set Liet it suksesfolle crossover-programma troch, wêrby't bekende artysten yn duo's selsskreaune nagelnije Frysktalige komposysjes foar it earst útfiere. De duo's dy't optrede sille yn de finale binne Iris Kroes & Wander Kars, ZEA & Dina en Huub Prins & Bobby Choco.

Liet

De finale fan LIET 2020+1 yn poppoadium Neushoorn wurdt live útstjoerd op telefyzje en online
(Advertinsje)