Liet 2012 fan 27 juny 2012

Diel 2 fan in kompilaasje fan it Fryske Sjongfestival Liet 2012 hâlden op sneon 5 maaie.
 
De finale fan it Fryske sjongfestival Liet 2012 wie dit jier foar it earst yn de Ljouwerter Prinsetún, om krekt te wêzen op in poadium yn de fiver fan de tún. Dit is mooglik tanksij de gearwurking tusken Stichting Liet ‘91 en Befrijdingsfestival Fryslân. It is ek foar it earst dat it Fryske sjongfestival op 5 maaie hâlden wurdt. Yn de finale fan Liet 2012 stienen dit jier alve formaasjes yn ferskate muzikale stilen. Der sit jong talint by, mar ek formaasjes mei muzikanten mei mear ûnderfining. Alle dielnimmers songen dit jier yn it Frysk. De folgjende alve bands stienen yn de finale fan Liet 2012 op it poadium:
 
* Carla de Wal mei it nûmer Kom ris tichterby
* The Crab Groove Alliance mei it nûmer De wei kwyt
* Frjemdling mei it nûmer Rûzige fierten
* Jan Dirk van der Meulen mei it nûmer Broer en sus
* Klif mei it nûmer As de leafde winkt
* Minstrels mei it nûmer Grutte Pier
* Mosk mei it nûmer Bona
* Sake mei it nûmer Skimerlampe
* Sjaak Weiland mei it nûmer Earste leafde
* Het struikelblok mei it nûmer Gewoan opnij
* Yldau mei it nûmer Fjoer
 
Der wie ek in optreden fan Janna Eijer, de sjongeres út Jobbegea dy´t yn novimber 2011 Liet International yn it Italiaanske Udine wûn. De alve dielnimmers waarden beoardiele troch in faksjuery. Op de finale fan Liet 2012 bestiet dy út: Esther van Dijk, Denise Rivera, Remon de Jong, Hylco van der Zwaag en Anne Zwaga (foarsitter). Kultuerwethâlder Isabelle Diks fan de gemeente Ljouwert rikt de priis út. Njonken de sjuerypriis hat Liet 2012 ek de Ivan Pelpublykspriis. It wie oan it yn de Prinsetún oanwêzige publyk om út te meitsjen hokker dielnimmer dy priis mei nei hûs nimme mocht. De presintaasje fan it sjongfestival wie yn hannen fan Marijke Roskam.
 
Liet is it sjongfestival foar it bêste nije liet yn it Frysk of in Fryske streektaal, sa’t dat live spile wurdt, en waard dit jier foar de 21ste kear organisearre. De winner fan Liet 2012 mei Fryslân yn desimber fertsjintwurdigje op Liet International yn de Noard-Spaanske stêd Gijón/Xixón yn de streek Asturië. Asturië is sûnt 2010 partner fan Stichting Liet International en sil dit jier it sjongfestival foar it earst op it Ibearysk skiereilân organisearje. Yn Fryslân wurdt Liet 2012 stipe troch de provinsje Fryslân en Kulturele Haadstêd Ljouwert/Leeuwarden 2018.

Diel dit berjocht op:

Liet

De finale fan Liet 2015, it jierlikse festival foar Fryske muzyk, hie yn it jubileumjier fan Stichting Liet ’91 in hiel bysûnder poadium. Op freed 18 septimber stie it populêre radioprogramma Noardewyn Live alhiel yn it teken fan de finale Liet 2015.
(advertinsje)