Lekker ite mei Reitse fan 8 maaie 2018 18:45

Reitse hat der in flinke tocht troch Fryslân op sitten en al in soad Fryske kuolkasten fan binnen besjoen. Hjoed stapt Reitse de provinsjegrins oer en is er yn Grins. Dat heart fansels net by Fryslân, mar der wenje wol in hiel soad Fryske studinten. Ite sy eins wol sûn? En is de keuken in bytsje netsjes? Reitse siket it út en sjocht yn de kuolkast fan Fryske studinten yn Grins.

Klik hjir foar it resept fan dizze wike: Folle wrap mei ierappelslaad en truffel

Lekker ite mei Reitse

Hoe sûn is Fryslân? Ite wy wol de goede produkten? Bewege wy wol genôch? Sjefkok Reitse Spanninga siket it út. Hy sjocht oeral yn ús provinsje en by dy yn de kuolkast mei de fraach: hoe sûn is Fryslân?
(advertinsje)