Lekker ite mei Reitse fan 6 july 2013

    TV-kok Reitse ferrast Friezen mei syn kulinêre keunsten

    Klik hjir foar it resept

    Yn de twadde ôflevering fan ‘Lekker ite mei Reitse’ sil de Fryske sjefkok nei Ternaard. Reitse sil der itensiede mei Harry. Dy wol syn healbroerke Wolter graach ferrasse mei in hearlik miel.

    Wolter (15) is noch jong mar hat foar syn leeftiid al in protte meimakke. Syn heit en mem binne, doe’t Wolter noch lyts wie, ferstoarn. Dêrnei hat Wolter by in soad pleechgesinnen wenne. Sûnt de ôfrûne krystdagen wennet er wer by syn ‘broer’ Harry. Mei help fan Reitse wol Harry graach oan syn broer blike litte dat hy der tige wiis mei is.

    Yn Ternaard helje Reitse en Harry earst in rollade by de slachter. Wêrnei't se itensiede yn de Waard van Ternaard. ‘Nei in drege tiid foar Wolter hoopje ik him op dizze wize te ferwennen. Dat hat er fertsjinne’, fertelt Harry.

    Dizze rige is earder útstjoerd yn'e hjerst fan 2012.

    Lekker ite mei Reitse

    Hoe sûn is Fryslân? Ite wy wol de goede produkten? Bewege wy wol genôch? Sjefkok Reitse Spanninga siket it út. Hy sjocht oeral yn ús provinsje en by dy yn de kuolkast mei de fraach: hoe sûn is Fryslân?
    (advertinsje)