Lekker ite mei Reitse fan 26 juny 2019 17:35

Yn Kollum wenje neffens ûndersyk de measte minsken mei oergewicht yn Fryslân. Dat komt fansels troch dy lekkere Kollumer tsiis...Wat soe Reitse tsjinkomme yn de kuolkasten fan Kollum?

It resept fan dizze wike: Slaad fan Kollumer tsiis mei par en drûge woarst chips

Lekker ite mei Reitse

Hoe sûn is Fryslân? Ite wy wol de goede produkten? Bewege wy wol genôch? Sjefkok Reitse Spanninga siket it út. Hy sjocht oeral yn ús provinsje en by dy yn de kuolkast mei de fraach: hoe sûn is Fryslân?
(advertinsje)