Lekker ite mei Reitse fan 22 septimber 2012

Klik hjir foar it resept

Yn de tredde ôflevering van ‘Lekker ite mei Reitse’ sil Reitse nei Sniksweach. Hy sil itensiede mei Luuk. Luuk wol Weltsje graach ferrasse.

Weltsje (73) is al tweintich jier mei as frijwilliger nei Lunteren. Dêr organisearret sy as haadferpleechster tegearre mei Luuk en oare frijwilligers in fakânsjewike foar slim sike minsken. Luuk fynt dat Weltsje it nei tweintich jier wol ris fertjinne hat, om yn it sintsje set te wurden. Reitse wurket hjir graach oan mei en sil tegearre mei Luuk in fantasysk miel foar har klearmeitsje.

Beide hearen sille by in biologyske boer út Ychtenbrêge del om in stik fleis. Se krije in stik bargenekke (procureur) mei. ‘Weltsje soarget oars altyd foar oaren en mei Reitse dogge wy it hjoed krekt oarsom’, fertelt Luuk.

Lekker ite mei Reitse

Hoe sûn is Fryslân? Ite wy wol de goede produkten? Bewege wy wol genôch? Sjefkok Reitse Spanninga siket it út. Hy sjocht oeral yn ús provinsje en by dy yn de kuolkast mei de fraach: hoe sûn is Fryslân?
(advertinsje)