Lekker ite mei Reitse fan 20 oktober 2012

Klik hjir foar it resept

Dizze ôflevering van Lekker ite mei Reitse stiet yn it teken fan pipermunt. Reitse sil tegearre mei Griet en Jellie Dijkstra út Kollum nei de pipermuntfabriek yn Dokkum.

Griet wol graach iten siede foar har mem. Tegearre mei har dochter Jellie sille sy in fantastysk miel meitsje. Reitse krijt de slach te pakken mei pipermunt. Hy sil der in hearlike Krème brûlée fan meitsje. Derneist stiet der ek noch fisk en jirpeltjes op it menu. Neffens Griet hat har mem dat fertsjinne. Har mem makket altyd fan alles klear foar har famylje en freonen. Reitse fynt dit wol ynteressant en probearret der achter te kommen hoe’t se har spesjaliteit klear makket: rezyntsjebrij.
Griet en Jellie Dijkstra binne tige wiis mei harren mem/beppe. ‘Se makket altyd iten foar oaren, mar no wolle wy ris wat foar har werom dwaan.’

Lekker ite mei Reitse

Hoe sûn is Fryslân? Ite wy wol de goede produkten? Bewege wy wol genôch? Sjefkok Reitse Spanninga siket it út. Hy sjocht oeral yn ús provinsje en by dy yn de kuolkast mei de fraach: hoe sûn is Fryslân?
(advertinsje)