Lekker ite mei Reitse fan 15 maaie 2018 18:45

It is hast wer tiid foar 'Simmer yn Fryslân'. Dat betsjut dat der wer in soad boatsjeminsken nei ús provinsje komme. Mar wat ite dy eins as se hjir op fakânsje binne? En tinke se dan noch wol wat om de sûnens? Reitse giet dizze wike nei Snits, it kloppjend hert fan it Fryske wettersportgebiet. Mei hy oan board komme, en wat fynt er yn de kuolkast?

Klik hjir foar it resept fan dizze wike: Posjearre apel mei swiete spagetty en krommelige koekjesl

Lekker ite mei Reitse

Hoe sûn is Fryslân? Ite wy wol de goede produkten? Bewege wy wol genôch? Sjefkok Reitse Spanninga siket it út. Hy sjocht oeral yn ús provinsje en by dy yn de kuolkast mei de fraach: hoe sûn is Fryslân?
(advertinsje)