Lekker ite mei Reitse fan 13 maart 2018 18:45

Witsto wol dat de ynwenners fan It Bilt net genôch bewege? Fan alle minsken yn Fryslân bewege se hjir it minst. Foar in goeie sûnens is bewege fansels hiel wichtich. Dêrom giet Reitse yn Sint-Anne op syk nei hoe't it steld is mei de sûnens fan dizze minsken. Fansels dûkt er dêr wer de kuolkast foar yn.

Alle resepten fan de gerjochten dy't yn de ôfleveringen makke wurde binne hjir te finen

Lekker ite mei Reitse

Hoe sûn is Fryslân? Ite wy wol de goede produkten? Bewege wy wol genôch? Sjefkok Reitse Spanninga siket it út. Hy sjocht oeral yn ús provinsje en by dy yn de kuolkast mei de fraach: hoe sûn is Fryslân?
(advertinsje)