Lekker ite mei Reitse fan 10 april 2018 18:45

De Wielenpôlle is in échte folkswyk yn Ljouwert. Elk kent de foaroardielen wol: yn sa'n wyk ite se allinnich sjips en drinke se bier en kola. Mar is dat ek sa? Reitse Spanninga sjocht yn de Pôlle en siket it dizze wike út.

Klik hjir foar it resept fan dizze wike: Rys mei ierappel, sipel en nûtsjesmoardip

Lekker ite mei Reitse

Hoe sûn is Fryslân? Ite wy wol de goede produkten? Bewege wy wol genôch? Sjefkok Reitse Spanninga siket it út. Hy sjocht oeral yn ús provinsje en by dy yn de kuolkast mei de fraach: hoe sûn is Fryslân?
(advertinsje)