Krystkonsert fan 26 desimber 2013

Krystkonsert opnaam yn de Martinitsjerke fan Frjentsjer. It konsert wurdt organisearre troch harmony Advendo en mingd koar Immanuël, beide út Frjentsjer. Dit krystkonsert wurdt útstjoerd op de radio op earste krystdei om 09.00 oere en op televyzje om 17.00 oere en wurdt de hiele jûn werhelle en twadde krystdei allinnich op televyzje fan 18.00 oere ôf.

Krystkonsert

Op earste krystdei stjoert Omrop Fryslân de foarstelling “In Krystbetsjoening” út op televyzje, in ôfwikseljend “broadway”-programma mei muzyk, dûns en bekende krystferskes. Learlingen fan de musicaloplieding MUZT, dûnsers fan Dance Explosion en de Talentklas Dans, en bern fan it KinderMuziekTheater trede op yn dizze sfearfolle show. Mei fierder optredens fan solisten Jannie Brandsma en Dennis Dronkers, begelaat troch in orkest mei leden fan it Sneker Symfonie Orkest en Bigband Cue. Dizze krystfoarstelling fan it Cultuur Kwartier Sneek is snein 13 desimber opnommen yn de grutte seal fan it Theater Sneek.
(advertinsje)